Mear help nedich foar âlders fan bern dy't slachtoffer binne fan seksueel misbrûk

26 maaie 2021 - 15:47

Alders fan bern dy't te krijen hân ha mei bygelyks seksuele eksploitaasje, fine dat se te min help krije. Dat docht bliken út in earste ûndersyk fan ûnder oaren Fier, it sintrum foar slachtoffers fan geweld.

Foto: Shutterstock / Rawf8

Yn it ûndersyk wurdt it perspektyf fan âlders beljochte dy't bern hawwe dy't slachtoffer wurden binne fan seksueel misbrûk. Want dat makket harren "machteloos, radeloos en wanhopig", seit Ferdi Bekken, dy't ûndersiker is by Fier, dat it haadkantoar hat yn Ljouwert.

"Ouders hebben niet volledig zicht op de situatie waarin het kind zich in bevindt, maar ze zijn ook niet volledig toegerust om in te grijpen. Dus de pogingen die ouders doen werken tevergeefs of zelfs averechts. De machteloosheid groeit."

Helpferliening

De âlders kinne op ferskate wizen helpferliening krije. Dat kin bygelyks by skoallen of gemeenten. Dêr moat wat better, binne de foarsichtige konklúzjes nei it earste ûndersyk nei de âlders fan famkes dy't seksueel misbrûkt binne.

Bekken seit dat der noch wol mear ûndersyk nedich is, bygelyks ûnder helpferlieners en opspoaringstsjinsten, om te sjen wat âlders dwaan kinne.

'Niet mijn kind'

Om omtinken te krijen foar de âlders fan dizze bern, begjint Fier woansdei mei de kampanje 'Niet mijn kind'. Dat hat as doel hat om âlders hânfetten te jaan oer wat mooglik spylje kin by harren bern.

Trefwurden: 
Fier seksueel misbrûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)