Undersyksrapport oer ynstabile fiskkotters: warskôging foar belading

26 maaie 2021 - 15:24

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid hat woansdei in ûndersyk publisearre oer de feiligens fan fiskkotters. It rapport is mei skreaun nei oanlieding fan it omslaan fan de kotter UK-171 Spes Salutis noarlik fan Skiermûntseach. Neffens de ried meitsje twa ûngelokken mei kotters 'indringend duidelijk' dat de 'boomkorvisserij' net sûnder gefaar is.

In 'boomkorkotter' op de Noardsee - Foto: Shutterstock.com (Riekelt Hakvoort)

De rie begûn al mei it ûndersyk nei it fergean fan in fiskkotter by Teksel yn 2019. Mar doe't it ûndersyk al dwaande wie, sloech ek de UK-171 Spes Salutis by Skiermûntseach om. De trije manlju oan board koene noch mar krekt rêden wurde.

Belading

It risiko mei de fiskkotters giet benammen om de stabiliteit. Dat is wol sa slim dat de ried yn april in tuskentiidske warskôging joech. It giet benammen om it beladen fan de kotters: as it net yn lykwicht bart, wurdt de stabiliteit rap minder. Dat is net ûnbekend, mar dat it sa rap gefaarlik wurdt wol. De 'boomkorkotters' fiskje meast op platfisken.

Advizen

Dêrom advisearret de ried oan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om de belading tenei mei te nimmen yn de berekkeningen foar it sertifisearjen. De fiskerijsektor hat sels ek warskôgingen jûn. It gie yn it ûndersyk om 'boomkorkotters' ûnder de 24 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)