Deistich trochsneed oan nije coronabesmettings sakket ûnder de 100

26 maaie 2021 - 15:25

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 86 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 99 besmettingen registrearre. De lêste kear dat it deistige trochsneed ûnder de 100 siet, wie op 2 desimber.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De 86 besmettingen fan woansdei binne der tritich mear as tiisdei. Doe giet it om 56 nije besmettingen. It deistige trochsneed oan besmettingen is dus wol sakke nei 99. Presys in wike lyn lei dat trochsneed op 138.

Measten yn Smellingerlân en Weststellingwerf

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Smellingerlân en Weststellingwerf, mei elk 12. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 10.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs, dat binne ynwenners fan Ljouwert en Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 2.794 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 3.350 deis.

Ferrommingen op 5 juny

It kabinet set op 5 juny in nije stap mei it ferromjen fan de coronamaatregels. Watfoar maatregels skrast wurde, beslút it kabinet freed. Dat hat demisjonêr minister Hugo de Jonge sein. Freedtejûn jout it kabinet fierdere taljochting.

Earder soe de nije faze yn it 'iepeningsplan' op 9 juny wêze, mar De Jonge fynt dat it earder kin, omdat it mei de sifers de goede kant op giet.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)