Skiermûntseach: foar elke ynwenner 1 euro nei Giro555

Foar elke ynwenner fan Skiermûntseach makket de gemeente 1 euro oer nei Giro555. Mei 930 ynwenners komt dat bedrach dus op 930 euro. De gemeente docht dit om't elke ynwenner fan it eilân dize wike al faksinearre wurde kin en dat gunne se ek oan minsken yn kwetsbere lannen.
© ANP
It faksinearjen fan alle eilanners tusken de 18 en 60 jier is dizze wike úteinset. Skiermûntseach is woansdei oan bar.

De faksinaasjeplanning foar de Fryske Waadeilannen:

Earder waarden alle ynwenners fan âlder as 60 jier al faksinearre. Dizze wike is GGD Fryslân op de eilannen om alle oare folwoeksenen ek in prik te jaan tsjin it coronafirus. Sadwaande hoege eilanners net nei de fêste wâl foar in faksinaasje.
De gemeente is bliid dat elkenien op Skiermûntseach him faksinearje litte kin en gunt oaren ek in faksinaasje. As tank makket it kolleezje dêrom jild oer nei Giro555, út solidariteit mei minsken yn earme en kwetsbere lannen. Giro555 brûkt it jild foar it faksinearjen en medyske needhelp oan coronaslachtoffers.
De stichting ropt Nederlân op om mei te helpen sadat elkenien, ek minsken yn kwetsbere lannen, op tiid beskerme is tsjin corona. De gemeente Skiermûntseach hopet dat de aksje fan de gemeente helpt as ynspiraasje foar oaren om ek te donearjen.