Kolleezje wol azc yn Balk definityf slute: 'net genôch draachflak'

26 maaie 2021 - 15:27

It asylsikerssintrum yn Balk bliuwt der net langer, as it oan it kolleezje fan De Fryske Marren leit. Der is gjin draachflak foar, konkludearje boargemaster en wethâlders.

It kolleezje hâldt fêst oan it sluten fan it azc:

It azc yn Balk stiet der sûnt 2016. De ynwenners binne yn dy perioade positiver wurden oer it azc. Doe't bekend waard dat it azc mei yngong fan septimber 2021 slute soe, wie der in groep bewenners dy't graach woe dat it langer iepen bleau. Se fûnen it in ferriking foar it doarp.

Fersyk COA: langer iepen

Ek it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) frege de gemeente oft it azc langer iepen bliuwe koe, sadat se dy tiid brûke koenen om oare lokaasjes yn Fryslân te sykjen. Mar neffens it kolleezje fan De Fryske Marren is der dus net genôch draachflak.

Boargemaster: ôfspraak neikomme

"It azc hat de ôfrûne jierren in moai plak krigen yn de Balkster mienskip", seit boargemaster Fred Veenstra. "Mar út it draachflakûndersyk docht bliken dat der gjin oertsjûgjend draachflak is foar ferlinging. Ynwenners ferwachtsje dat de gemeente har oan de earder ôfsprutsen 5 jier hâldt. Wy wolle ús ôfspraak neikomme en sille de gemeenteried foarstelle om de perioade net te ferlingjen."

It azc yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It foarnommen plan fan it kolleezje soarget derfoar dat it COA 'puzelje' moat, seit wurfierder Jacqueline Engbers fan it orgaan. It is wol sa dat Fryslân net it plak is mei de minste azc's, we rinne yn ús provinsje dus net achter wat dat oanbelanget. Yn de gemeente Ljouwert wurdt noch socht nei in plak foar in nij asylsikerssintrum.

Fan de dielnimmers oan it ûndersyk is 38% (sterk) tsjin de ferlinging en 44% (sterk) foar de ferlinging.

By de minsken dy't ticht by it azc wenje, is it draachflak minder. Fan harren is 62% (sterk) tsjin de ferlinging en 29% (sterk) foar.

Oan it ûndersyk ha 826 adressen meidien. Yn totaal binne der 2.495 adressen yn Balk.

Wêr moatte de bewenners no nei ta?

Corina Deekens fan COA Regio Noord leit út dat der no foar eltse húshâlding of elts yndividu sjoen wurdt nei wannear't sy fuort moatte en wêr't sy nei ta moatte. "Er zitten mensen met een vergunning die eigenlijk zouden moeten uitstromen naar een woning in een gemeente in Nederland. Maar er is ook krapte op de woningmarkt, dus er zullen ook weer mensen naar een ander azc moeten. Dat kan door heel Nederland zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It COA siet dus net perfoarst te wachtsjen op sa'n beslút fan de gemeente. "Wij zijn toch op zoek naar plekken voor asielzoekers. Bij ons zitten dus veel vergunninghouders. Ze horen eigenlijk bij gemeenten in woningen, maar daar worstelen gemeenten ook mee. Dus we konden die 500 plekken voor twee jaar nog goed gebruiken."

Corina Deekens fan COA Regio Noord

Benaud foar drege tiid

Egbert en Lolke Kroes hawwe yn maart in petysje iepensteld, om't sy fine dat it azc langer iepen bliuwe moat. "Wy binne tige teloarsteld, benammen om't wy sjogge nei de minsken dy't der sitte. Ek de bern. Der komt in drege tiid foar harren oan, want sy moatte dochs in plakje fine yn in tiid fan prosedueren en fertragingen."

De gemeente gie miskien yn gedachten út fan in gruttere mearderheid, sa sizze de manlju. "Mar it docht wol bliken dat der mear draachflak is as doe't wy hjir mei in azc begûn binne. Dus je kinne ek tinke: it ûntwikkelet him posityf, wy binne iepener wurden foar oare kultueren, it azc hat in bydrage levere oan de mienskip. As je minsken treffe, sizze sy: wy wolle gewoan yn Balk bliuwe. Ik hoopje net dat minsken aanst wer fan azc nei azc moatte."

Egbert en Lolke Kroes

De gemeenteried bepraat op 23 juny it foarstel fan it kolleezje om it azc definityf te sluten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)