Soad omtinken foar fundearringsskea bewenners feangreide yn Provinsjale Steaten

26 maaie 2021 - 11:39

Mei mar ien stim tsjin hat it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân ynstimd mei it Feangreideprogramma 2021-2030. It plan foarsjocht yn it omheech bringen fan it wetterpeil yn in part fan it feangreidegebiet. Dat soe ûnder oare skea oan huzen foarkomme moatte.

Yn de pleats fan de famylje Dekker wurde de skuorren hieltyd grutter - Foto: Omrop Fryslân

Dat omheech bringen fan it wetterpeil is nedich om it gebiet te rêden en ek om dêr de CO2-útstjit te beheinen. Sûnder oanpak fan it feangreidegebiet sil it gebiet fierder fuortsakje en foar mear skea soargje oan diken en huzen.

Woansdei diskusjearje Provinsjale Steaten oer de feangreideproblemen. Se dogge dat nei in digitale kommisjegearkomste mei mar leafst 41, foar in grut part, krityske ynsprekkers.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Wiebo de Vries fan de ChristenUnie hearde foaral in soad ûntefreden reaksjes út it gebiet. "Natuerorganisaasjes fine dat we te min dogge, de boeren fine it te folle en der binne bewenners mei in soad fundearringsskea sûnder útsjoch op in regeling om dat op te lossen."

Wat dwaan foar 'urginte gefallen'

Steatelid Maaike Prins (CDA) dielt de analyze fan de ChristenUnie net. "Ik hear dat in soad minsken bliid binne dat der no in plan leit en dat der begûn wurdt mei in oanpak." Prins is it mei de ChristenUnie iens dat der wat dien wurde moat foar 'urginte gefallen'.

Lykas in soad oare Steateleden hat sy ek de skuorren sjoen yn de pleats fan de famylje Dekker yn de Grutte Feanpolder yn Weststellingwerf. "Ik fyn dat we dy minsken helpe moatte. Ik freegje dêrom oan deputearre Hoogland en de fundearringstafel om gau mei in plan te kommen."

Je moatte earst in plan hawwe en in regeling, oars bliuwt it jild yn it potsje sitten.

Maaike Prins (CDA)

ChristenUnie en GrienLinks wolle net earst op in nij plan wachtsje, mar fuortendaliks 30 miljoen op it kleed lizze foar de urginte gefallen. "De meast urginte gefallen kinne net wachtsje. Dy minsken moatte holpen wurde", seit Wiebo de Vries.

CDA'er Prins fynt dy oanpak te koart troch de bocht: "Je moatte earst in plan hawwe en in regeling, oars bliuwt it jild yn it potsje sitten."

Harkje nei CDA-Steatelid Maaike Prins

De ChristenUnie wol ek sjen oft de 'omkearde bewiislêst' tapast wurde kin yn it Feangreidegebiet, sadat it makliker wurdt foar minsken mei skea om dêr in fergoeding foar te krijen. Dy omkearde bewiislêst jildt ek yn Grinslân by skea troch gaswinning: dêr hoecht de boarger yn it gaswingebiet net te bewizen dat syn skea oan it hûs troch de gaswinning komt.

Max Aardema (PVV) is tige kritysk op de feangreide-ambysjes fan de provinsje. Neffens him kostet in folsleine oanpak foar it hiele gebiet mear as 500 miljoen, wylst de provinsje no begjint mei 66 miljoen. "En dat foar ûndúdlike miljeudoelstellingen, dêr't wy kritysk oer binne."

Aardema wol dêrom 'in streek lûke' by de pilotgebieten fan de earste faze. "Earst mar ris de resultaten mjitte en goed evaluearje foardat je fierder geane."

Max Aardema (PVV) wol der net direkt in soad jild yn stekke

De provinsje hopet op bydragen fan it Ryk en Europa, mar hat dêr no noch gjin wissichheid oer. Deputearre Douwe Hoogland (PvdA) sei yn syn beantwurding dat er by de fundearringsskea stribbet 'nei in minsklike benadering' en net nei 'in juridyske benadering'.

Hoogland wol ûndersykje oft der ek in 'fundearringsfûns' komme kin om minsken dy't yn de knipe komme troch grutte skea oan harren hûs te helpen. Dat fûns sil der lykwols net al op koarte termyn wêze. Hoogland hopet hjir op syn lêst 'ein 2022' dúdlikheid oer jaan te kinnen.

'Fundearringstafel' oan de slach

Yn de tuskentiid sil in spesjaal oprjochte 'fundearringstafel' ûnder foarsitterskip fan boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Weststellingwerf mei de problematyk oan de slach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)