Hierkoarting foar Alvestêdehal en BV Sport: temjittekomming foar sluting

26 maaie 2021 - 10:39

De Alvestêdehal en de swimlokaasjes fan BV Sport yn Ljouwert krije in hierkoarting foar it jier 2020. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten. De beide sportlokaasjes yn Ljouwert krije de koarting om't sy it ôfrûne jier lange tiid ticht moasten fanwegen corona.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De ynstellingen hiene te krijen mei grutte ferliezen troch de coronamaatregels: se moasten in hiel skoft ticht bliuwe.

Troch in regeling fan VWS, de 'Specifieke Uitkering Zwembaden en IJsbanen COVID-19', krije Stichting Alvestêdehal en BV Sport no hierkoarting foar 2020. Foar BV Sport giet it om in koarting fan 363.000 euro. De Alvestêdehal krijt 205.853,47 euro hierkoarting. De bedraggen binne berekkene op basis fan de omsetsifers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)