Boargemaster Buma ropt Ryk op: 'Tink om de minsken yn kwetsbere wiken'

26 maaie 2021 - 10:08

Help gemeenten en maatskiplike partijen om de kleau te tichtsjen tusken de minsken dy't foarút gean en dejingen dy't efterbliuwe. Dy oprop docht boargemaster Buma yn oparbeidzjen mei ûnder mear boargemaster Aboutaleb (Rotterdam) en boargemaster Halsema (Amsterdam) út namme fan fyftjin boargemasters oan de fraksjefoarsitters fan de Twadde Keamer.

Foto: Google Street View

De gemeente Ljouwert hat 'Ljouwert Oost' as oandachtsgebiet oanwiisd. Dat gebiet bestiet út Bilgaard, de Vrijheidswijk, Oud-Oost, Heechterp-Schieringen en Camminghaburen. Ek Spoordok heart derby as ûntwikkelingsgebiet.

Bewenners yn dy wiken hawwe hieltyd faker te meitsjen mei earmoede, wurkleasheid, ûnderwiisefterstannen, minne sûnens en helpferliening.

Ambysjes

"De woonwijken in Leeuwarden Oost hebben allen een eigen karakter, kracht en potentie. De wijken en ongeveer 36.000 inwoners verdienen extra aandacht, zodat zij hun ambities, saamhorigheid en ondernemerszin in de toekomst kunnen verzilveren", seit boargemaster Buma.

"Het komende jaar bepalen we samen met onze partners, de wijkvertegenwoordigers en natuurlijk de bewoners zelf de ambities en thema's waarmee we de leefbaarheid en veiligheid voor bewoners van Leeuwarden Oost kunnen verbeteren en de kloof kunnen dichten."

Programma

De gemeente wol de ambysjes mei de bewenners en wykorganisaasjes yn de kommende simmer opstelle. Oan de ein fan it jier moat der dan in programmaplan wêze.

Yn dat programmaplan binne de haadlinen sûnens, wurk, skoalle en wenjen. Dit plan kin tsjinje as oanfraach by it Ryk foar ekstra jild.

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)