Kollum: "Sjoernalistyk"

26 maaie 2021 - 08:36

"Yn de Ljouwerter Krante stiene freed twa pagina's oer deputearre Douwe Hoogland. Net ûnlogysk, want hjoed is de ferskriklik wichtige diskusje oer syn plan om it fertutearze feangreidegebiet yn Fryslân te rêden. Wittenskippers seine trije jier lyn al dat daliks begûn wurde moast, dus ik wit ek net oft it no noch wol wat wurdt. Seker net om't Douwe midden yn de polder stie doe't hy it rêdingsplan makke. De reaksjes wiene dus: net fier genôch of te fier.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

"Dus ik dûkte yn it ferhaal. Mar dat gie net oer hoe't Douwe tinkt, mar oer Douwe. Wat oare minsken fan Douwe fine. Dat Johannes Kramer him in geweldige deputearre fynt. Logysk, want Douwe docht wat Johannes nea doarst. Dat Albert van der Ploeg Douwe yn de tsjerkeried altyd foar de troepen útdraven seach. Dat Henk de Vries seit dat wat Douwe yn de kop hat, der nea mear útkomt.

En dat Geart Benedictus fynt dat Douwe altyd in ideologyske partijbril op hat en inkeld ûnthâldt wat him útkomt. No ja, Geart Benedictus hat noch nea in oaren as Geart Benedictus priizge. Noch slimmer wie dat wiidweidich optekene waard dat Douwe syn frou troffen hat op in camping yn Bakkefean. Dat wie noch yn de tiid dat we net iens wisten dat it sa min gien wie mei de feangreide.

In sjoernalistyk ûnweardich produkt fan de Ljouwerter. Net ien Fries is ynteressearre yn wêr't Douwe syn frou troffen hat. Wol oer hoe't Douwe it klear krije sil om de boeresteateleden dochs te bewegen ta te stean dat it wetter heger yn de sleat komt as se wolle. En oer hoe't je dy bewenners fan fersakke huzen feangreidekompensaasje jaan kinne, tsjin it sin fan Sander de Rouwe. Dat lêze we net.

Lêsten moast myn auto in beurt ha. De garaazje hat neat oars as de Telegraaf. Dêryn lies ik lykwols trije, fjouwer ferhalen dy't ik de moarns yn de Ljouwerter al lêzen hie. En dit ferhaal oer Douwe jout oan dat harren sjoernalistyk tenei wêze sil: de persoan. Net de saak.

It is it safolste bewiis dat de hiele sjoernalistyk net mear doocht. Dat is wat oars as dat it feroare is yn de 55 jier dat ik it no dien ha. Dat is logysk. Ik wit noch altyd net hoe't ik in podcast fine moat. It hoecht ek net, want it binne gewoan allegearre programmamakkers en oare sjoernalisten, dy't fanwege de sinten gjin programma's mear meitsje meie, en dan mar in podcast dogge. Dy podcasts binne trije kear sa lang as gewoane programma's. En de kwaliteit hoecht ek net goed te wêzen. En it giet net oer hoe't guon saken echt binne, mar wat de sjoernalisten der fan fine.

Dat is al jierren lang oan de gong. Sjoernalistyk wie in fak, dat is it net mear. Oan de iene kant kin je sizze dat de minsken dat sels dogge. As der miljoenen neat betters te dwaan ha, as nei it sjongfestival te sjen en it seis wiken fan te foaren elke dei te folgjen. Mar ik tink dat we de minsken opfiede om der nei te sjen. Dat sjongfestival stiet op de foarpagina's, Israel-Hamas op side 13.

Slimmer is dat sjoernalisten troch dizze wurkwize de minsken ek net mear fertelle wat wier is. Minsken witte dus net wat der bart yn de wrâld. Je hearre ek net wat politisy wolle, dus kinne je eins net goed stimme. Elkenien kin wol sizze dat it slim is dat we net meipraat ha oer saken as it Deltaplan foar it Noarden, mar wa wit noch wat der hjir echt nedich is.

Krekt as oer it feangreidegebiet. Krekt as oer de skries. De provinsje set yn op de kat, omdat dêroer in stikje yn de krante stie. Dat wie nepnijs sizze echte fûgelwachters dy't oer de stienmurden stroffelje. Wat is echt, wat is net echt. Us mienskip is in twiveljende mienskip wurden, dy't de podcasters folgje en dus sels ek mar roppe wat harren it bêste útkomt.

Mar ja, it hat gjin doel om it der hjir oer te hawwen. Want ek dizze kollum is ommers gjin sjoernalistyk. Inkeld mar in mieninkje. Dêr kin ek net ien wat mei."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)