Studinten Friesland College kinne mei Global Games tallship-reis winne

26 maaie 2021 - 08:21

Studinten fan it Friesland College kinne woansdei meidwaan oan de Global Games. Foar tweintich studinten stiet der hiel wat op it spul: in reis fan in wike mei it tallship Bark Europa.

Foto: Friesland College

Mei de Global Games wol it Friesland College de Global Goals bybringe oan harren studinten. "Dat zijn doelen die door de Verenigde Naties zijn opgericht. Dat zijn allemaal goals die ervoor zorgen dat we werken aan een betere wereld met vrede en duurzaamheid onder andere", seit Petra Zwaan fan it Friesland College.

Sportskuon

De studinten moasten sels projekten betinke dy't te krijen hawwe mei de Global Goals. It CIOS hat bygelyks sportskuon ynsammele om se recycle te litten. De studinten fan D'Drive hawwe mei âlde materialen nije produkten makke. "Daar komen echt hele mooie producten uit. Dat gaan we ook zien", seit Zwaan.

De presintaasjes fan de Global Games binne woansdeitemiddei mei in livestream te folgjen.

Tallship

De meast yn it each springende priis by de Global Games is in reis fan in wike op it tallship Bark Europa. "Allerlei studenten hebben opdrachten kunnen maken. Die maakten daar mee kans om een zeiltocht te maken van een week die komende zomer gaat plaatsvinden", seit Zwaan.

Op dy reis wurkje de studinten oan harren syl- en persoanlike feardichheden, mar krije se ek les oer wat allegearre yn it wetter libbet. "Dat wordt zeker een intensieve week, maar ook een hele mooie en bijzondere", sa seit Zwaan.

Petra Zwaan fan it Friesland College oer de Global Games

(Advertinsje)
(Advertinsje)