Klipper fan mear as 20 meter fljocht oer Nijstêd; Ljouwert wer in driuwend terras riker

Ljouwert is wer in terras riker. In bysûnder terras, want yn de grêft oan de Nijstêd leit sûnt tiisdeitejûn in klipper fan mear as 20 meter. Mei in gigantyske kraan waard it gefaarte foarsichtich te wetter litten en foar Grand Café Fire dellein, want dêr heart er by. De hiele operaasje duorre oeren lang.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Mei it skip 'Maia', dat neamd is nei de dochter fan de eigeneres, kin it kafee sa'n tritich ekstra gasten kwyt op harren terras. Earder krigen ek twa oare Ljouwerter hoarekasaken in fergunning foar sa'n driuwend terras.
De boat wurdt no fierder ynrjochte. De ferwachting is dat de earste gasten fan begjin juny ôf op it terras telâne kinne.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de operaasje