Enkête: wat hearre jo fan de F-35's?

26 maaie 2021 - 06:51

Is it lûd fan de F-35's fan fleanbasis Ljouwert jo opfallen? En hat dit lûd effekt op jo deistige libben of ha jo der gjin lêst fan? Omrop Fryslân freget him ôf oft jo, wêr dan ek yn Fryslân, it lûd fan de F-35's hearre. Lit it ús witte fia dizze fragelist. Resultaten út dit ûndersyk sille ûnder oare yn juny te sjen wêze yn in dokumintêre fan FryslânDok oer it lûd fan de F-35's.

It ûndersyk is yntusken ôfrûne. Jo kinne de enkête dêrom net mear ynfolje.

De nije fleantugen fan de fleanbasis jouwe mear leven as F-16's:

We ha dan yn elk gefal wat dêr't we fan sizze: 'We binne net hielendal gek, it is echt hiel heftich'.

Margriet Reinalda, bewenner Blessum

De doarpen Blessum en Deinum bespeure mei de komst fan de F-35's yn elk gefal folle mear leven boppe har hollen as troch de F-16's. En dat wolle se mjitte kinne. Margriet Reinalda út Blessum set har foar beide doarpen yn om in mobyl mjitpunt te krijen. Reinalda: "We ha dan yn elk gefal wat dêr't we fan sizze: 'We binne net hielendal gek, it is echt hiel heftich'."

In mobyl mjitpunt yn de foarm fan in mikrofoan op in statyf middenyn in gersfjild yn Deinum moat de beide doarpen in stim jaan yn de diskusje oer it lûd fan de F-35's. En dat wylsst se yn it ferline in oanbod ta in fêst mjitpunt ôfslein ha. Dat like doe net nedich, om't de ynwenners net folle lêst hiene fan de F-16's as no fan de F-35's.

Foto: SRFotografie

De nije fleantugen fan de fleanbasis Ljouwert jouwe mear leven as de F-16's, erkent ek Definsje. Fêste mjitpunten by de fleanbasis registrearje kontinu de lûdsnivo's fan de fleantugen om sa it ferskil tusken de F-16's en de F-35's yn kaart te bringen.

Sifers

It mobile mjitpunt fan Deinum en Blessum sil dêr nei alle gedachten oer in moanne oan taheakke wurde. Reinalda: "Je krije dan gewoan de sifers. We ha der no lêst fan en dan witte je gewoan eksakt: dit is wat ús oerkomt hjir. Want it wurdt metten mei de desibellen dy't wy hearre, dus it jout in hiel moai byld fan wat wy hjir oer ús hinne krije". Nei alle gedachten sil ek Lekkum in mobyl mjitpunt krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)