Opposysje Eaststellingwerf lilk oer oansluting GrienLinks by koälysje

25 maaie 2021 - 22:59

Opposysjepartijen yn Eaststellingwerf binne fernuvere oer de stipe fan de GrienLinks-fraksje oan de minderheidskoälysje fan Ooststellingwerfs Belang, de PvdA en het CDA. Dizze wike waard dúdlik dat GrienLinks him by de minderheidskoälysje oanslút, mar sûnder wethâlder. PvdA-wethâlder Fimke Hijlkema moat op guon ûnderdielen GrienLinks fertsjintwurdigje.

Archyffoto - Foto: Omrop Fryslân

De koälysje hie troch it ôfsplitsen fan in tal riedsleden gjin mearderheid mear yn de gemeenteried. Der moast flink wat ferbettere wurde om de rêst werom te bringen yn de polityk. Ferline jier waard der op advys fan âld boargemaster Hayo Apotheker in neutrale ekstra wethâlder oansteld, dat waard Marian Jager. Earder woe Apotheker graach in ekstra partij taheakje, mar dat waard ôfsketten.

'Hardheid'

Henk Vos fan GrienLinks lei tiisdei nochris út dat er 'de hardheid en toon vanuit de oppositie' net wurdearje koe. Hy woe him earder al oanslute by de koälysje, mar doe wie dêr noch gjin draachflak foar.

Untefredenheid

Opposysjepartijen hawwe oanjûn de komst fan ekstra wethâlder Jager no oerstallich te finen. Jager sels hat har net útlitten oer de kar fan GrienLinks: "Het is een politiek feit, niet meer en niet minder."

By de VVD wie in soad ûntefredenheid. Wurdfierder Sierd van Weperen neamde it 'rioolpolitiek' fan GrienLinks: "GroenLinks maakt meer kapot dan ons lief is, een steek in de rug." Ynsprekker en âld-VVD-wethâlder Sietse Derks sei plakferfangende skamte te hawwen, just omdat der earder safolle tiid stutsen is yn it advys fan Apotheker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)