Lasse Schöne net oproppen foar de Deenske EK-seleksje

25 maaie 2021 - 21:54

Middenfjilder fan SC Hearrenfean Lasse Schöne is net oproppen foar de Deenske EK-seleksje, dat is tiisdeitejûn bekend wurden. Bûnscoach Kasper Hjulmand hat syn seleksje foar it Europkeesk kampioenskip bekend makke.

Lasse Schöne - Foto: Orange Pictures

Schöne hie wol rekkene op in plak by de seleksje, dat wie ek ien fan de redenen dat er nei Hearrenfean kaam ôfrûne winter. Dêr woe er in soad spylje en him yn de 'kijker' spylje by de Deenske bûnscoach. Dêr fertelde er ek oer yn de Sportcast by Omrop Fryslân.

De 34-jierrige Deenske middenfjilder kaam lykwols mar ta ien goal en tolve earedifyzjewedstriden. Yn febrewaris waard er binnenhelle, nei it fuortgean by de Italiaanske klup Genoa. Gerry Hamstra neamde it doe in 'buitenkans.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)