Plan foar 'Eftelingdyk' Munnikebuorren: Lemsterweg einlings opknapt

Nei hiel wat foeterjen yn de ried sil gemeente Weststellingwerf no echt dwaande mei it opknappen fan de Lemsterweg, by de grins tusken Munnikebuorren en Aldlemmer. It wurk moat yn de hjerst úteinsette. De dyk rint njonken de Jonkers- of Helomavaort, tusken De Tsjonger en De Gracht. Yn it stik dyk sitte in soad skuorren troch it fersakjen fan de grûn.
De Lemsterweg © Albert Hendriks
Mei de nije plannen komt de boaiemferhurding, wurdt de dyk smeller makke en de snelheid giet omleech fan 80 nei 60 kilometer yn it oere.

Eftelingdyk

Yn april ferlike in ynwenner fan de gemeente de dyk noch mei in Efteling-attraksje. Guido Kolstee fan Munnikebuorren skreau doe oan it gemeentebestjoer: "Over België spreken we schande van de wegen maar hier doen we niet echt daar aan onder." Al sûnt er seis jier lyn yn it doarp wenjen kaam, steane der al warskôgingsbuorden.
Ferline jier kundige it kolleezje oan om de dyk oan te pakken, mar dat rûn fertraging op. Omwenners hiene der gjin begryp foar. "Als gemeente en volksvertegenwoordiger bent u er voor de gehele gemeenschap. Ook voor de Groote Veenpolder. De staat van wegen in de Groote Veenpolder vind ik een minachting naar de bewoners, bedrijven en toeristen," liet Kolstee witte.

Fersakjende feangrûn

De Lemsterweg leit op feangrûn: dy drûget hieltyd mear út en dêrtroch fersakket de boaiem. Yn 2018 wie de helte fan de dyk ûnbrûkber. Der is doe wer nij asfalt op kaam, mar dat is in tydlike oplossing dy't it fersakjen allinne mar slimmer makket.