Opsterlân stelt grûn beskikber foar 9 duorsume tiny houses op De Gordyk

25 maaie 2021 - 21:08

De gemeente Opsterlân stelt op De Gordyk grûn beskikber foar de bou fan njoggen tiny houses. De húskes moatte yn de omkriten fan de Sinneblom en Nijlân komme, njonken it kompleks fan túnferiening De Wrotterspôle. De lokaasje is yn elts gefal de kommende tsien jier beskikber.

Foto: Shutterstock.com (ppa)

Nei de earste fiif jier wurdt besjoen oft de tiny houses der permanint bliuwe meie. It giet om in duorsum inisjatyf fan twa partikulieren.

De tiny houses binne net bedoeld foar rekreanten, mar foar minsken dy't der permanint yn wenje. De bedoeling is om letter iepen dagen te hâlden sa't mear minsken mei it konsept yn 'e kunde komme kinne. Opsterlân seit dat de wenfoarm goed yn de wenplannen fan de gemeente passe.

Tegearre op syk

Renske Holwerda is ien fan de twa inisjatyfnimsters. Foar har wie it yn 't earstoan mar in idee foar de takomst. "Maar toen mijn moeder in 2018 overleed werd het concreter. Ik kreeg een erfenis en wilde nu echt met een tiny house aan de slag. Er kwam een oproep voorbij van iemand anders, die in de Friese Wouden op zoek was naar een locatie. Toen dacht ik: misschien kunnen we samen optrekken."

Dat barde ek en tegearre giene sy op syk, sa kamen sy by gemeente Opsterlân út. "Hier was een motie ingediend door een gemeenteraadslid om de optie van tiny houses te laten onderzoeken." Holwerda hopet dat der in grut ferskaat oan minsken wenje kin. "Mannen, vrouwen, gezinnen, alleenstaanden, jongeren, ouderen, mensen met verschillende achtergronden. Zodat het echt een mooie mix wordt."

Bewust libje

Foar Holwerda giet it ek om in utering fan in libbensstyl: ien fan duorsum libje en bewust mei de planeet omgean. "Tiny houses zijn wel hot, ik heb zelf meer dan 13.000 leden op de Facebookgroep Tiny House Nederland. Op dit moment staan er 85 potentieel geïnteresseerden op de lijst, al moet ik daar wel bij zeggen dat we nog niet gecommuniceerd hadden omdat we de locatie nog niet bekend mochten maken. Nu kan dat wel, dus ik hoop dat er mensen enthousiast worden."

Inisjatyfnimster Renske Holwerda

(Advertinsje)
(Advertinsje)