Dockinga College skytskoarjend wer iepen: "Niet helemaal van harte"

25 maaie 2021 - 20:36

Oer minder as in wike meie skoallen yn it fuortset ûnderwiis wer folslein iepen, mar om de lieding fan it Dockinga Collega hie dat net hoegd. It skoaljier duorret net lang mear en boppedat is op de skoalle alles 'ynregele' op de online wurkwize. Mar it moat fan de minister. "Dus het gaat niet helemaal van harte, maar we gaan het zo goed mogelijk organiseren," seit bestjoerder Geert van Lonkhuyzen.

Bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College - Foto: Omrop Fryslân

"Wij hadden liever gezien dat we nog wat meer ruimte hadden gekregen voor eigen beleid," leit Van Lonkhuyzen út, dy't deistich bestjoerder fan it Dockinga College yn Dokkum en de Inspecteur Boelensskoalle op Skiermûntseach is. "Maar de minister is klip en klaar en zei: het moet."

De minister besleat oars

De skoallen sille netsjes dwaan wat de minister fan harren ferlanget. "We zijn bezig om een pandemie de wereld uit te krijgen. Daarin moet de overheid ook wel eens een impopulaire maatregel nemen. Dit is er zo een," seit Van Lonkhuyzen. "Wij zullen ons als school zo goed mogelijk schikken. Wij zullen ervoor zorgen dat we de scholen weer gaan openstellen voor de leerlingen."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Lêste ein foar de simmer

It giet net iens mear om seis wiken oan ûnderwiis, leit de bestjoerder út. "Juist daarom hadden wij liever doorgewerkt op de manier zoals we dat op dit moment doen. Dat gaat best goed met een combinatie van fysiek en digitaal onderwijs. Er zijn intussen grotere groepen docenten die al een vaccinatie hebben gehad, maar andere nog niet. Onder hen is ook een groep die het nog niet eens voor zichzelf vervelend vinden, maar bijvoorbeeld ook voor kwetsbare huisgenoten of familieleden. Zij willen daarom niet te veel risico lopen."

As in dosint echt net foar de klasse wol, besiket Van Lonkhuyzen 'maatwurk' te leverjen, sa seit hy. "Om enerzijds de veiligheid van de docent te waarborgen en anderzijds de voortgang van het onderwijsproces voor de leerlingen zo goed mogelijk door te laten gaan."

Bestjoerder Geert van Lonkhuyzen

(Advertinsje)
(Advertinsje)