Provinsje en Tûmba: "By ynboargerjen yn Fryslân heart ek Frysk"

Statushâlders kinne yn Fryslân better en nofliker yntegrearje as sy as ûnderdiel fan de ynboargering ek - op syn minst in bytsje - Frysk leare. Dat seit deputearre Sietske Poepjes nei oanlieding fan in skeel tusken gemeente Achtkarspelen en it ministearje fan Sosjale Saken.
Ynboargerjen yn in lokaal yn Drachten © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Achtkarspelen woe statushâlders in workshop Frysk oanbiede, mar krige te hearren dat dêr gjin ynboargeringsjild foar brûkt wurde mei. Neffens it Ryk soe sa'n kursus 'net nedich' wêze.
It stânpunt fan it ministearje fan Sosjale Saken liet neffens deputearre Sietske Poepjes 'in pear alarmbellen' ôfgean op it Provinsjehûs. "Statushâlders yn Fryslân gjin Frysk oanbiede is in miste kâns foar in slagge ynboargering", fynt Poepjes. "It makket je ynboargering folle nofliker as je ek wat fan it Frysk witte."

Op efterstân set

Direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba beskôget it net oanbieden fan it Frysk, sa't it ministearje wol, sels as útsluting. "Als je mensen geen kans geeft om de tweede rijkstaal te leren, zet je ze op achterstand", is Antolovic fan betinken. It finen fan wurk is yn Fryslân ek in stik dreger foar minsken dy't gjin Frysk fersteane.

Frysk ûntbrekt by ynboargering

Deputearre Sietske Poepjes sjocht it mieningsferskil tusken it Ryk en Achtkarspelen as in kâns om omtinken te freegjen foar it ûntbrekken fan it Frysk by de ynboargering. Der geane dêrom leafst trije brieven oer de kwestje nei it Ryk. Deputearre Steaten stjoere in brief nei likegoed minister Koolmees fan Sosjale Saken as oan minister Van Engelshoven fan Underwiis.
Sietske Poepjes skreau in brief oan minister Koolmees
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn it brief stiet de suggestje om in workshop oer it Frysk en taalhâlding foar statushâlders fan de Afûk en it Friesland College oan it ynboargeringsprogramma ta te heakjen. Njonken dizze twa brieven krijt Koolmees ek noch in mienskiplike iepen brief fan Mirka Antolovic en Sietske Poepjes. "Wat kin better wurkje foar de yntegraasje fan flechtlingen yn de pleatslike omjouwing as it learen fan de taal dy't dêr praat wurdt?' skriuwe de froulju oan de minister.

Bydrage oan akseptaasje

"Een beetje kennis van het Fries draagt ook bij aan de acceptatie van de nieuwkomers door de Friezen", tinkt Antolovic. "Je krijgt dan een veel warmere integratie, met over en weer meer begrip."
Antolovic komt sels út Bosnië. Nederlânsktaligen freegje har noch wolris wêrom't sy thús gjin Nederlânsk praat, mar Friezen freegje dat noait. "Friezen snappen heel goed dat ik geen Nederlands praat met mijn moeder, want dat doen ze zelf ook niet."
Koester nieuwe Friezen die Fries willen praten, en wijs ze niet af vanwege een bijzonder accent.
Direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba
Antolovic wol de Friezen noch wol in tip jaan. Sy dogge der ferstannich oan om bûtenlanners dy't besykje om Frysk te praten oan te moedigjen en net ôf te wizen fanwege in bysûnder aksint. "Koester nieuwe Friezen die Fries willen praten, en wijs ze niet af vanwege een bijzonder accent. Dan zal de taal ook minder snel uitsterven."
Direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba