Notoare ynbrekker fan boaten út Drachten opnij feroardiele

25 maaie 2021 - 19:10

In 27-jierrige man fan Drachten hat seis moannen selstraf en in wurkstraf fan 240 oeren oplein krigen foar it ynbrekken yn tal fan boaten en wenboaten. Nei maaie ferline jier hat de man guod stellen út in soad boaten. En dat wylst er in jier earder al feroardiele wie foar 30 boatdieverijen.

Foto: Shutterstock.com (Virrage Images)

De Drachtster gie ta it ynbrekken oer fanwegen in ferslaving oan drugs. De man stiet op dit stuit ûnder behanneling, want hy hat ek mentale problemen. Njonken de sel- en wurkstraf moat er ek goed 5.500 euro oan skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
Drachten ynbrekker boat
(Advertinsje)
(Advertinsje)