Fries sjocht hannel yn reek opgean: muntsjesman stapt nei Ried fan Steat

25 maaie 2021 - 18:53

De Ljouwerter Rob Smedema stapt nei de Ried fan Steat omdat De Nederlandsche Bank syn ferbaarnde muntsjes wegeret. Smedema kocht yn Azië euromuntsjes op dy't skansearre binne om't sy yn in ôffalferwurkingsoven west hawwe. De Fries woe de muntsjes dêrnei wer ynleverje by DNB, mar dy wegeret in fjirdepart fanwege de minne kwaliteit.

Foto: Shutterstock.com (Alfonso Vennari)

Smedema wol lykwols in fergoeding, want jild is jild, sa stelt er. Yn 2019 bepaalde de rjochter dat de bank de euromunten terjochte wegere hat, mar no besiket Smedema it dus in nivo heger by de Ried fan Steat. De útspraak is oer seis wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)