Soad deade otters nei skrassen jûnsklok: "It reint otters, dit went noait"

"Dit went noait", seit Harrie Bosma, wylst er njonken in deade otter oan it Mandelân stiet. Dochs falt it de saakkundige fan de otterwurkgroep op dat der sûnt de jûnsklok skrast is folle mear oanriden otters fûn wurde. "It wie dêrfoar hiel rêstich, it gie goed. Mar de jûnsklok is opheft en it reint otters. Ferline wike hie ik der trije, moandei wer ien. En net allinne hjir: yn Oerisel is it itselde ferhaal."
Ottersaakkundige Harrie Bosma by in deade otter © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Op dit stuit binne der dit jier al 16 deade otters fûn. "It is noch net iens juny en no al 16 dea, dat is in hiel soad. Ferline jier einigen wy op 67 deade otters it jier. As it no sa trochgiet, komme wy noch folle heger út", seit Bosma.

Skande

Tusken Tsjaard en Eagum, njonken de A32, bûget Bosma oer de deade otter, dy't mar sa'n ien jier âld wurden is. "Dizze otter hat in tik fan in auto krigen. Je kinne it fiele oan de skedel, der komt bloed út de noas en de efterpoat is kapot. It is echt in slachtoffer. It is skande, want otters krije ek wer net in soad jongen en boppedat bart it wolris dat in mem in otter kwytrekket."
Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Harrie Bosma
De otter is weromkommen nei in tiid fan ôfwêzigens. "De otter kaam hjir troch fersmoarging net mear foar. Mar it wetter is skjinner wurden, de otter is sa'n 20 jier lyn opnij yntrodusearre en kin hjir no goed libje," seit Bosma. "Mar it ferkear is wol in grut probleem."

Freding en buizen

Bosma kin koart wêze oer hoe't it probleem oanpakt wurde kin: "Freding en faunabuizen, dat binne de oplossingen. Plakken dêr't meardere otters deariden wurde, dêr stiet miskien noch net genôch freding."
Harrie Bosma fertelt wat der oan it probleem dien wurde kin