Troffen houthannel Noardburgum: "Wy sette alles op alles en wolle fierder"

25 maaie 2021 - 17:27

Lieuwe en Akkelien van der Wal sette alles op alles om harren houthannel wer út de jiske te lûken. Ferline wike tongersdei baarnde harren hannel folslein ôf. "It binne hiele nuvere dagen, mar wy komme der mei-inoar troch", seit Lieuwe van der Wal. "Der binne in soad minsken om ús hinne en de Heare jout ús ek in soad krêft. It is ferskriklik wat der bard is, mar wy wolle dochs fierder."

Lieuwe en Akkelien van der Wal fan de ôfbaarnde houthannel yn Noardburgum - Foto: Omrop Fryslân

De klam leit op dit stuit op it púnromjen. "Der hat in soad aksje west om de boel op te romjen. Mei sa'n tweintich man hawwe wy romte oan it meitsjen west, sadat wy wer iepen kinne. Dat is ús plan. Wy hawwe der ek in stek omhinne set, sadat de ravaazje ús net alle dagen op it netflues stiet", seit Van der Wal.

De bedoeling is om op it eigen terrein wer fierder te gean. "Der komt in kantine oan, der komme wer nije kantoar-units, wy hawwe al wer stroom, de kompjûters binne wer besteld. Alles op alles om ús klanten wer te betsjinjen."

Waarme tekken

De klap wie hurd, mar it giet nei omstannichheden goed. "Ik wol eltsenien tank sizze soar it meilibjen. It wie in waarme tekken: it is oerweldigjend hoe't de minsken meilibje en hoefolle reaksjes oft we krigen hawwe. Dat is net te beskriuwen. Dêr krije jo ek wer krêft en moed fan."

Undersyk

Oer it saaklike aspekt bliuwe noch in soad fragen. "Der komt noch in hiele rompslomp oan mei fersekeringswurk. Wy hawwe noch neat heard oer de oarsaak fan de brân. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. Wy hawwe der noch gjin antwurd op."

Van der Wal is ek yn petear mei boeren en de gemeente oer de stikjes sinnepaniel dy't op in soad plakken delkaam binne.

De teller fan in donearaksje foar de famylje stiet op dit stuit op hast 88.000 euro.

Lieuwe van der Wal

Trefwurden: 
brân Noardburgum houthannel
(Advertinsje)
(Advertinsje)