Tomke-draaioargel giet by skoallen del om "jubileum krêft by te setten"

25 maaie 2021 - 16:56

Jo soene it him net jaan, mar it edukative stripfiguerke Tomke bestiet 25 jier. Om dat te fieren, komt der in grutte Tomke-toer op gong. Taalynstitút Afûk giet dizze moannen by skoallen del om dêr in kofferke mei allerhanne Tomke-guod oan te bieden. Om de toer ekstra bysûnder te meitsjen, giet der in draaioargel mei.

Sa wurdt it jubileum fan Tomke fierd:

"Lang zal die leven, lang zal die leven," mei in grutte parade komt it Tomke-draaioargel de strjitten fan Jobbegea yn riden. By MFC De Kompenije steane de pjutten te wachtsjen op it oargel. Dat wurdt bestjoerd troch Luuk Klazenga.

It moaie fan Tomke

Hy is al jierren tekener fan de strip. "Moatst dy bern sjen, hoe't sy genietsje," laket Klazenga. Neist him stiet in persoan yn in Tomke-pak. Dy wiuwt yntusken nei de bern op it plein. "Dit is it moaie fan Tomke. Op alle mooglike manieren kinst der wat fan meitsje. No ek mei dit draaioargel. It is fuort in sukses."

It draaioargel fan Tomke - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Tusken de minsken stiet Hieke Rienstra fan de Afûk. Sy is as projektlieder belutsen by de Tomke-toer. "Tomke is al safolle jier relevant," seit se. "Wy hoopje dat noch jierren fol te hâlden."

Hieke jout in giel kofferke oer oan de ûnderwizers yn Jobbegea. "Hjir sitte ferskate boekjes yn foar de bern", seit Rienstra. "Der sit in kalinder yn en spultsjes, mar ek ferskate ferhalen oer Tomke."

De Afûk is al jierren ei Omrop Fryslân dwaande om it Frysk fan bern te ferbetterjen. "Dat it sa lang bestiet, komt omdat in protte pjutten harren ferbûn fiele mei Tomke. Se binne itselde en dat slacht altyd oan."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De Tomke-toer duorret noch oant 30 juny. Sjoch op de webside foar it folsleine programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)