Tekoart oan boumateriaal: "Minsken komme hjir út it hiele lân foar hout"

De foarried oan boumaterialen wurdt hieltyd lytser en de priis heger. Troch de coronakrisis is der in grut tekoart. En de ein foar dizze sektor is noch net yn sicht.
It tekoart oan boumateriaal smyt problemen op:
"Om de twa wiken wurde de prizen heger. Se binne no ysbaarlik heech", fertelt Francis Terpstra fan De Houtboer yn Drachten. Op dit stuit binne de prizen foar guon houtsoarten mei 80 persint djoerder wurden.

Levertiden

Ek rinne de levertiden noch hieltyd op. "Foarhinne moasten wy twa wike wachtsje op hout, dat is no somtiden tsien wike. As it der überhaupt is. Der binne ek minsken dy't bygelyks al sûnt febrewaris wachtsje op harren bestelling."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Produksjebedriuwen sitte somtiden mei de hannen yn it hier. Kijlstra Bestrating hat in topjier draaid wat de omset oanbelanget. Mar dat hat twa kanten. Direkteur Arjen van Leur: "It is moai dat wy in goed jier draaie, mar it wolwêzen fan de meiwurkers is ek wichtich. Wy moatte no op alle fakânsjedagen en op sneon wurkje om oan de fraach foldwaan te kinnen."

Foarried

Marten Cornel fan de Fryske ôfdieling fan Bouwend Nederland seit dat it tekoart fan hout komt trochdat bygelyks fabriken yn Skandinavië ticht binne troch it coronafirus. Cornel tinkt dat de oare Fryske boubedriuwen der finansjeel noch goed foar stean.
Dochs is der noch wol spanning, want der is noch gjin ljocht oan de ein fan de tunnel en de foarried yn Fryslân begjint ek op te reitsjen. Terpstra: "Minsken komme hjir út it hiele lân wei om't wy it noch op foarried hawwe. Dat is yn it Westen in oar ferhaal."
Van Leur wit ek net hoe't se dit jier trochkomme. Ferline jier gie it noch bêst. Doe hiene se noch wol in grutte foarried, lykas oare jierren. Yn 2021 kinne se nei alle gedachten net oan de fraach foldwaan, omdat de foarried te lyts is.