Operaasje Fryske Flagge: Anneke Pompstra wennet oan Noarsk fjord

25 maaie 2021 - 16:44

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Anneke Pompstra. Se wennet oan in fjord yn Noarwegen.

Foto: Anneke Pompstra

Anneke Pompstra fertelt oer har libben yn Noarwegen

Har famkesachternamme (Peterson) mei dan wol Skandinavysk lykje, se is dochs echt berne yn Dokkum en se hat lang yn Damwâld wenne. No wennet Anneke Pompstra-Peterson yn it Noarske Isfjorden. En de namme seit it al: dat leit oan in fjord.

Anneke reizge yn 2012 mei man en bern ôf nei Sweden om dêr te wenjen. Dat pakte net hielendal goed út en doe binne se fanwege wurk fan har man nei Noarwegen ferhuze.

Kâld

"Wy koene in grut hûs krije. It wie midden yn de winter en frij kâld. It kachelhout wie djoer. Doe hawwe wy earst in pear kâlde moannen meimakke."

Ut har wenplak Isfjorden wei binne bergen te sjen. No leit der rûnom noch snie op. De measte snie teit fuort. Dat kin hurd gean. De beammen gean ek yn twa wiken tiid fan alhiel keal nei fol grien. Anneke: "It is no koartebroekewaar, mar it waar kin hjir hurd omslaan. "

Wy prate thús Frysk mei de bern. Oars kinne se net mei pake en beppe kommunisearje.

Anneke Pompstra-Peterson

Anneke wurket as dosint Ingelsk. Har man hellet ûnder oare beammen del. Hy hâldt in 30 meter breed paad ûnder heechspanningmêsten frij fan beammen. Dat moat fanwege de feilichheid.

Anneke praat alle dagen Frysk. "Wy prate thús mei de bern Frysk, oars kinne de bern net mear mei pake en beppe kommunisearje. Gelokkich liket it Frysk op it Noarsk, want it binne beide Germaanske talen."

Sa stadichoan begjint se Fryslân en de famylje en freonen wol wat te missen. Yn dizze coronatiid kinst net samar efkes hinne en wer.

Twa jier lyn foar it lêst sjoen

"De measte famylje hawwe wy twa jier ferlyn foar it lêst sjoen. Dat is fierste lang", fynt Anneke. Foar needgefallen is it wol wat makliker. Yn normale gefallen moat elk dy't weromkomt yn Noarwegen tsien dagen yn in djoer coronahotel. Dan kinst dus tsien dagen ek net wurkje, dus dat dogge se mar net. "Der komme gjin bûtenlânske minsken it lân yn en wy kinne der net samar út. "

Anneke en har man binne noch net faksinearre tsjin corona. "Dêr binne wy noch te jong foar." It lân Noarwegen is wol op wei mei de faksinaasje. Dêr't de corona mear hearsket, wurdt earder faksinearre. Dêr't Anneke-en-dy wenje, binne mar in hiel lyts bytsje besmettingen, dat se stean net heech op de list.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)