Fertutearze klokkestoel yn Sniksweach wurdt lang om let opknapt

25 maaie 2021 - 16:06

Lang om let wurdt de klokkestoel yn Sniksweach opknapt. Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten (BRM) ferwachtet as eigener dat it wurk oan de klokkestoel healwei juny úteinsette kin. It bouwurk stie der al in skoft slim fertutearze by, der wie ek in boerd njonken pleatst: 'Gevaarlijk!! Vallende delen.' Fanwegen it ûnderhâld is it begraafplak tydlik sletten.

De fertutearze klokkestoel fan Sniksweach - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De steat fan de klokkestoel is min. Ut in ynspeksje fan Stichting Monumentenwacht Fryslân hat bliken dien dat de klokkestoel ûnstabyl is, dat kin by stoarmwaar gefaarlik wêze. Alle standers binne oantaast troch houtrot, bepaalde ferbiningen binne flink ferrustke en de ferve is der ôf blêde.

Al sûnt de 17e iuw stiet der in klokkestoel yn Sniksweach. De hjoeddeiske klokkestoel is pleatst nei in restauraasje yn 1971.

Jildkwestje

Yn 2019 wie it noch ûnwis oft in restauraasje wol mooglik wie. Stichting BRM moast ek oare bouwurken yn de gemeente oanpakke, lykas de Jouster Toer. Njonken de klokkestoel yn Sniksweach moasten der noch in oantal klokkestuollen restaurearre wurde, want de stichting hat der mear yn behear. Njonken it jild wie der ek noch oerlis nedich mei de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed nedich.

Foarsitter Jelle Belksma fertelde yn septimber 2019 dat it 'wol sa slim' wie dat der in warskôgingsboerd njonken pleatst wurde moast:

De fertutearze klokkestoel fan Sniksweach - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)