56 nije coronabesmettingen yn Fryslân nei pinksterwykein

25 maaie 2021 - 15:23

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 56 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 52 minder as moandei. Doe giet it om 108 nije besmettingen. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 102 besmettingen registrearre. It oantal nije coronagefallen giet yn de ôfrûne dagen omleech. Wol hat krekt in lang pinksterwykein west, wat mooglik ynfloed hie op it oantal testen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (9), dêrnei folgje Smellingerlân (7) en Weststellingwerf (6).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om in ynwenner fan Ljouwert. Der is ien persoan mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs, ek in ynwenner fan Ljouwert.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 2.532 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 3.607 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)