Dakleazen kinne fan takom wike ôf coronafaksin krije

25 maaie 2021 - 14:02

Dak- en thúsleazen yn Fryslân kinne fan nije wike ôf in prik krije tsjin it coronafirus. Opfangorganisaasje Wender yn Ljouwert set dan yn gearwurking mei de GGD útein mei in faksinaasjekampanje.

Foto: Shutterstock

Wender is de nije namme fan de dakleaze-opfang yn Ljouwert. It eardere Zienn is dêryn opgien. Mei de GGD hat de opfang in plan fan oanpak makke foar de yninting. It giet om in groep fan in lytse twahûndert dak- en thúsleazen, fertelt Martijn Draaisma fan Wender.

Persoanlik freegje

It is in lestich te berikken groep, mar dejingen dy't yn de nachtopfang sliepe, kinne se wol persoanlik freegje. Begelieders besykje harren te oertsjûgjen fan de needsaak fan in faksinaasje.

Twa fan de trije wolle wol

De opfangorganisaasje is troch de GGD frege om in list op te stellen fan dakleazen dy't in coronaspuit hawwe wolle. Twa fan de trije binne ree om faksinearre te wurden, seit Draaisma. Neffens him falt it tal coronabesmettingen ûnder dakleazen yn Ljouwert en Fryslân ta. It giet om lytse oantallen. De measte meiwurkers fan Wender binne al faksinearre tsjin it firus.

Oardel meter ôfstân hâlde slagget net altyd

Oere groepen lykas plysjes en it ûnderwiis wolle ek graach gau in faksinaasje hawwe. By dak- en thúsleazen is de needsaak lykwols heech, neffens Draaisma. Se binne hiel kwetsber. Se komme inoar faak tsjin en it falt net altyd ta om oardel meter ôfstân te hâlden. Dat besykje se no al in jier by Wender yn de opfang, mar dat slagget net altyd, seit Draaisma.

Ien prik

De GGD hat bekend makke dat it lanlik om in groep fan sa'n 60.000 minsken giet. De dak- en thúsleazen wurde prikt mei it Janssenfaksin. Dêr is mar ien faksinaasje fan nedich en dus ek mar ien ôfspraak.

Oare dreech te berikken doelgroepen krije pas letter in coronaprik, lit de GGD witte. It giet dan om minsken dy't yn in frouljusopfang ferbliuwe, minsken sûnder papieren en tydlike arbeiders dy't langer as in moanne yn Nederlân wurkje. Neffens rûzingen leit it tal yn dy trije doelgroepen yn hiel Nederlân op sawat in heal miljoen minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)