Waadferiening biedt petysje tsjin ûnfeilige kontenerfeart oan oan Keamerlid

25 maaie 2021 - 12:38

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening biedt takom wike yn Den Haag in petysje oan tsjin ûnfeilige kontenerfeart. Dat docht de organisaasje yn oanrin nei in gearkomste fan de keamerkommisje Maritiem oer ynsidinten mei kontenerskippen.

De Baltic Tern ferlear yn april noch fiif konteners - Foto: Kustwacht

Jacobi jout de petysje oan D66-Keamerlid Tjeerd de Groot. De petysje is in inisjatyf fan de Waadferiening en wurdt stipe troch WNF Nederland, Stichting De Noordzee, Friese Milieu Federatie en filmmakker Ruben Smit. Goed 9.000 minsken ha har hantekening derûnder set.

De oanlieding foar de petysje is dat der hast 2,5 jier nei de kontenerramp mei de MSC Zoe noch altyd kontenerskippen by de Waadeilannen delfarre mei minne waarsomstannichheden. Dêrtroch bedarje kear op kear wer konteners yn see boppe de eilannen.

MSC Zoe, doe ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, ferlear goed twa jier lyn 342 konteners boppe de Waadeilannen. In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En begjin april rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Sjoch foar al it nijs dêroer op ús dossierside.

Neffens de Waadferiening ûntsteane dêrtroch grutte risiko's mei de kwetsbere natuer fan de Noardsee en de Waadsee. As foarbyld neamt de Waadferiening de earste wike fan april. Doe rekke it kontenerskip Escape stjoerleas boppe Flylân en de Baltic Tern ferlear fiif konteners, wêrûnder ien mei giftige stoffen.

De Waadferiening wol no dat de minister de maatregels rapper útfiert dy't de Onderzoeksraad voor Veiligheid advisearre hat om de Waad- en Noardsee better te beskermjen tsjin kontenerferlies.

Om de kâns op kontenerferlies lytser te meitsjen, moat de minister mear foech jaan oan de Kustwacht om kontenerskippen te begelieden, fynt de feriening. Dat fynt de Twadde Keamer ek. Boppedat moat de minister Dútslân en Denemarken ek oertsjûgje om de advizen fan de Onderzoeksraad út te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)