Cambuurkontrakt Henk de Jong mei ien jier ferlinge: "Ik bin super gelokkich"

It kontrakt fan trainer Henk de Jong by SC Cambuur is mei ien jier ferlinge. De Drachtster leit no fêst oant en mei 2023, mar der is noch in opsje op noch in jier ekstra. Dat makke de klup tiisdei bekend by de start fan de seizoenkaartekampanje. "Ik bin fergroeid mei dizze klup", fertelt De Jong.
Henk de Jong fielt him fergroeid mei Cambuur
In grutte ferrassing is it net dat it kontrakt fan De Jong ferlinge wurdt. De lêste wiken seine likegoed de trainer sels as technysk manager Foeke Booy al dat se dermei dwaande wiene. Der is dus no wite reek.
"Ik fyn dat we it hjir goed foarinoar hawwe yn de organisaasje", seit De Jong. "De supporters meie der aanst wer by. We binne no mei de spilersgroep oan de gong. En ik wenje yn Drachten. Ik hoech net sa fier fuort om super gelokkich te wêzen, dat bin ik no."

Hâldberens

As er it kontrakt úttsjinnet, sit de Fryske coach fjouwer jier by de klup yn syn twadde perioade. Der wurdt wol ris sein dat trainers mar in bepaalde hâldberensperioade by de klup hawwe, mar dêr is De Jong net benaud foar. Sterker noch: yn it kontrakt sit noch in opsje foar noch in ekstra jier. It foech dêrfoar leit yn hannen fan De Jong.
De kommende tiid sjocht Henk de Jong nei de gearstalling fan de seleksje
Op it stuit is De Jong dwaande mei Booy om de seleksje foar folgjend seizoen gear te stallen. "Mar wy moatte wol goed nei de sinten sjen. Der moatte jonges by dy't der by passe en dy't it nivo noch heger bringe. Dêr sjogge we nei, it kin net fluch."

Spits

Sa is it noch de fraach wa't der takom seizoen yn de spits stiet. Cambuur hopet Robert Mühren te ferlieden ta in langer ferbliuw. Ferline wike hawwe beide partijen mei-inoar sitten en neffens De Jong wie dat in goed petear. In oare namme dy't falt is dy fan âld-Hearrenfean-spiler Jizz Hornkamp. Is dat in opsje foar de spits?
De Jong: "Dat fyn ik in hiel grut talint. Hy hat in prachtige styl, kin goed koppe, is fuotbaljend goed en kin goed druk sette. It is in hiel ynteressante jonge, mar dy kinne wy net betelje. Hy hat noch in kontrakt by Den Bosch, dus foar ús net helber."

Technyske stêf

Hoe't de technyske stêf der folgjend seizoen útsjen sil, is noch efkes ôfwachtsjen. De ferwachting is dat dy foar in grut part yntakt bliuwt. Assistint-trainer Martijn Barto leit noch fêst, mar Pascal Bosschaart en keeperstrainer Peter van der Vlag hawwe in kontrakt dat oer in moanne ôfrint. De klup is mei harren yn petear oer kontraktferlinging.
Sjoch hjir nei in oersjoch fan it kampioensseizoen fan Cambuur: