Sterke delgong yn tal coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

25 maaie 2021 - 11:14

It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen is de ôfrûne wike flink sakke. In wike lyn wienen it noch 60, no binne it 42. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland.

In oersjoch fan it tal besette bêden yn de Fryske sikehûzen (docht de grafyk it net goed, klik dan hjir):

Fan de 42 coronapasjinten dy't no yn de Fryske sikehûzen lizze, lizze der 19 op de intensive care. Dat binne der twa mear as in wike lyn.

Op de oare ôfdielingen is wol in flinke delgong te sjen: dêr giet it fan 43 nei 23.

Yn de trije noardlike provinsjes lizze yn totaal 92 coronapasjinten yn de sikehûzen. Fan harren komme 19 út oare regio's.

In sikehûsbêd - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Trefwurden: 
sikehûs coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)