Boeren, miljeuklups en bouwers komme mei 'oplossing' foar stikstofkrisis

25 maaie 2021 - 18:20

Boeren, miljeu-organisaasjes en ûndernimmersklups ha mei-elkoar in plan makke om út de stikstofkrisis te kommen. It foarstel soe alle jierren sa'n 1,7 miljard euro kostje, mar dan soenen de problemen wat de boufergunningen en de stâloanpassingen wol foarby wêze.

Dit stikstofplan moat soelaas biede, sizze de partijen:

Dat soe ek goed wêze foar it oanpakken fan it grutte hûzetekoart yn Nederlân en it fergrienen fan de lânbou, is it idee. De plannen komme fan Natuurmonumenten, Natuur & Milieu, LTO Nederland, VNO-NCW, MKB-Nederland en Bouwend Nederland. Se ha de oplossing opskreaun yn it FD.

Oerheidsbelied stikstof yn striid mei natuerwetjouwing

De stikstofproblematyk yn Nederlân kaam yn it nijs doe't yn 2019 de Ried fan Steat oardiele dat it hiele stelsel wêrmei't de oerheid de stikstofútstjit regulearre yn striid wie mei de Europeeske natuerwetjouwing. Nei de útspraak fan de heechste bestjoersrjochter rûn it ferlienen fan fergunningen foar in grut part fêst en dêrmei ek de bou. Foardat de coronakrisis útbruts, neamde premier Mark Rutte de stikstofproblematyk 'de grootste crisis' dy't hy as premier meimakke.

Al it nijs oer de stikstofproblematyk is te finen op ús spesjale dossierside oer stikstof.

Kij soargje foar in soad stikstofútstjit - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Bysûnder oan it plan dat tiisdei presintearre is, is dat seis partijen út ferskate sektoaren mei-inoar oplûke en mei in foarstel komme. Dat is fan belang, omdat der by eardere oplossingen altyd wol in partij wie dy't der minder fan ôfkaam. Dizze kear soe der wol in breed draachflak wêze. Yn it plan binne ferduorsumingsfoarstellen opnaam foar ûnder oare de yndustry, bou- en enerzjysektor.

Subsydzjes foar boeren

Lânbou-organisaasje LTO fynt dat it jild fan de oerheid benammen nei de lânbou gean moat. Der soenen subsydzjes komme moatte foar boeren dy't ynnovearje wolle, bygelyks troch de stâl te fernijen sadat dong en urine fan it fee rapper skieden wurde kinne. Dêrtroch soe der minder stikstof frijkomme. Boeren wolle ek mear ynsette op weidegong, it mei wetter fertinjen fan dong foar it lân en fretten mei minder aaiwyt.

Foarsitter Sjoerd Galema fan VNO-NCW

In oar ûnderdiel fan it plan is in fergoedingsregeling foar boeren en oare grutte útstjitters fan stikstof dy't frijwillich mei harren bedriuw ophâlde wolle of ferhûzje nei in oar plak. De organisaasjes stelle ek foar om boeren mear meihelpe te litten mei natuerbehear.

De foarstellen soenen derfoar soargje moatte dat de stikstofútstjit yn 2030 sa'n 40 prosint leger leit. Dêrmei soe de útstjit rapper werom gean as earder pland. Yn totaal kostje de plannen 15,3 miljard. Dy ynvestearring is neffens de partijen te oersjen, fanwege de ympakt fan it dossier.

By de lêste wetjouwing gong de oerheid neffens de organisaasjes noch út fan in ôfname fan 26 prosint. De organisaasjes freegje no oan de polityk om harren oanpak fierder út te wurkjen. Se advisearje it demisjonêre kabinet ek om it plan foar te lizzen oan de Ried fan Steat en it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL).

(Advertinsje)
(Advertinsje)