Oanlis Wynpark Fryslân rint fertraging op

25 maaie 2021 - 07:35

De oanlis fan Wynpark Fryslân is letter klear as pland. De 89 wynturbines yn de Iselmar soenen oan it begjin fan de simmer operasjoneel wêze moatte, mar dat wurdt no net earder as it tredde fearnsjier.

Foto: Yvonne van Driel

De fertraging komt neffens Wynpark Fryslân troch in kombinaasje fan it rûge waar, de 'complexe logistiek' fan it projekt en it coronafirus.

It wynpark sil griene stroom leverje dat lyk stiet oan it ferbrûk fan sa'n 500.000 húshâldens. It projekt kostet 850 miljoen euro.

De provinsje is ien fan de oandielhâlders en ferwachtet dat it wynpark alle jierren sa'n 5 miljoen euro opsmyt. Dêr soe benammen de omjouwing fan profitearje moatte.

Twa stroomkabels fan 55 kilometer

Neist de 89 wynturbines yn de Iselmar komt der by Breezanddijk in transformatorstasjon. By Koarnwertersân is in wurk- en natuereilân oanlein om de natuer yn de omkriten fan it wynpark yn de gaten te hâlden..

De twa stroomkabels yn de Iselmar, dy't it wynpark ferbine mei in heechspanningsstasjon yn Aldehaske, binne wol oanlein. Dy kabels lizze twa meter yn de boaiem en binne 55 kilometer lang.

Ferset

Foar de oanlis waard al tsien jier praat oer de plannen foar it wynpark. Yn dy tiid hat der ek in soad ferset tsjin west fan natuerorganisaasjes en de toeristyske sektor. De turbines wurde nammentlik sa'n 180 meter heech. Dat is 65 meter heger as de Achmeatoer yn Ljouwert.

De bou sette ôfrûne septimber útein:

(Advertinsje)
(Advertinsje)