Kazemattenmuseum krijt bodywarmer fan Kanadeeske befrijers út Twadde Wrâldoarloch

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân hat in Kanadeeske bodywarmer út de Twadde Wrâldoarloch krigen. De bodywarmer krijt in plakje yn in tentoanstelling oer de befrijing troch de Kanadezen.
Klaas Rispens bea de bodywarmer oan by it museum. Syn heit hie de Jerkin yn 1945 krigen fan in Kanadeeske militêr. Konservator Wim Stienstra is der wiis mei. "Hij werd veel gedragen door Engelse en Canadese soldaten, over de battledress. We hadden er nog niet een van in ons museum."

Fan West-Fryslân nei East-Grinslân

De heit fan Klaas Rispens kaam yn Oldambt yn kontakt mei de Kanadeeske soldaten. Heit Rispens kaam út Noard-Hollân, mar dêr hienen de Dútsers flak foar de ein fan de oarloch it lân ûnder wetter set. Alle bewenners fan de polder moasten harren gebiet halje-trawalje ferlitte. Doe't Rispens hearde dat boeren yn Oldambt gjin masines mear hienen om it lân te bewurkjen, gong er dêrhinne om te helpen. De boeren yn East-Grinslân hienen har masines ferlern, omdat de Dútsers se yn de kanalen smiten hienen.
Yn totaal hat Rispens in jier yn Oldambt sitten. Dêr kaam er dus ek de Kanadeeske soldaten tsjin. Doe't dy yn de simmer fan 1945 nei hûs gongen, joech ien fan de soldaten syn Jerkin-bodywarmer oan Rispens. Nei 75 jier yn de famylje jout soan Klaas Rispens it stik dus oan it museum. Dy krijt ynkoarten in plak yn de tentoanstelling yn Kazemat VI.