Faksinearjen alle folwoeksenen op Waadeilannen set tiisdei útein

Alle folwoeksen ynwenners fan Flylân kinne fan dizze tiisdei ôf oan in faksinaasje krije tsjin it coronafirus. Yn de kommende dagen jildt dat ek foar bewenners fan Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. De eilannen binne de earste gemeenten yn Nederlân dêr't alle ynwenners fan 18 jier en âlder in prik helje kinne.
Der waard omraak faksinearre op de eilannen:
Yn totaal kinne sa'n 5.000 minsken in prik helje. De útnûgingen binne allinnich ferstjoerd oan minsken dy't ynskreaun steane op de eilannen. Minsken dy't der in hûske ha of dy't der binne om fakânsje te fieren, komme net yn oanmerking.
It faksinearjen begjint dus tiisdei op Flylân. Woansdei giet it prikken dêr fierder. Dy dei set it faksinearjen op Skiermûntseach ek útein. Op tongersdei, freed en yn it wykein wurde prikken set op Skylge en It Amelân.

De faksinaasjeplanning foar de Fryske Waadeilannen:

De eilanners krije it coronafaksin fan Pfizer en BioNTech. Oer fiif wiken krije se de twadde doasis. "Minister Hugo de Jonge hat sein dat elkenien yn Nederlân, dy't it wol, foar 1 july de earste prik hân hat. Foar de Fryske Waadeilannen is dat al it gefal foar 1 juny, in moanne earder dus", seit de Fryske GGD.
Yn febrewaris gong de GGD al nei de eilannen om âlderein en ferpleechhûsmeiwurkers te faksinearjen. In soad minsken gongen op dy útnûging yn. "De faksinaasjegraad op de eilannen is hiel heech. Fan de 65-plussers hat sawat 90 prosint de twadde prik ek al hân. En ûnder soarchmeiwurkers wie der doe ek in soad animo", seit de GGD.
De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De fjouwer eilannen binne frijwat frij bleaun fan de corona-útbraak. Se ha de leechste besmettings- en stjertesifers fan it lân. Op Skylge wie yn augustus in útbraak op camping Appelhof. De measte besmette minsken wennen lykwols oan de fêste wâl. Skiermûntseach wie yn oktober de lêste gemeente yn Nederlân dêr't it firus fêststeld waard.