Van Bekkum: 'Ik hold op as boargemaster nei brûken hallusinogene plant'

24 maaie 2021 - 22:13

Tjeerd van Bekkum seach yn dat er ophâlde moast as boargemaster fan Smellingerlân, neidat er gebrûk makke hie fan in plant dy't hallusinaasjes opwekke kin. Dat seit er by RTV Noord.

Foto: ANP

Van Bekkum (VVD) seit dat er 'meerdere keren' gebrûk makke hat fan de ayahuascaplant. De plant wurdt sjoen as harddrug. It besit is strafber, mar it gebrûk net.

It roer om

It brûken fan de plant hie grutte ynfloed op Van Bekkum, seit er tsjin RTV Noord. "Dat bracht me naar mijn diepste haarvaten en liet mij inzien dat het roer om moest. Ik wist niet waarheen, maar ik wist zeker dat ik niet meer terug wilde naar de wereld waarin ik actief was."

Neffens it Trimbos-ynstitút kin de plant hallusinaasjes feroarsaakje, as je him smoke of as je der tee fan meitsje. Der sit DMT yn. Dat is in tripmiddel dat emoasjes fersterke kin.

Yn retrête

Van Bekkum seit dat er de plant brûkte by in retrête yn 2017, dêr't er mei syn frou hinne gien wie. Yn datselde jier hold er op as boargemaster fan Smellingerlân.

"Het zal wel altijd blijven kriebelen", seit er no, "maar ik heb vrij snel voor mijzelf besloten dat ik geen burgemeester of gedeputeerde meer hoefde te worden."

Van Bekkum waard direkteur fan LF2018. "Ik werd gevraagd om leiding te geven aan Leeuwarden Culturele Hoofdstad, dat lag op dat moment op z'n gat. Mijn hart zei dat ik het moest doen. Uiteindelijk is het een succes geworden, maar dat wist ik op dat moment niet."

Werom nei Fryslân

Van Bekkum wennet no yn Eefde, by Zutphen. Mar de kâns bestiet dat er wer nei it Noarden komt. "Als het doorgaat dan gaan we ergens in Friesland, Groningen of Drenthe een retraitecentrum bouwen."

"We zijn gevraagd om daaraan mee te werken, ik ga er zelf niet in investeren. Maar als het doorgaat dan blijven we daar in elk geval 10 jaar wonen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)