Epke Zonderland moast 'meardere sprintsjes lûke' by raketoanfallen Israel

De Fryske turner Epke Zonderland hat 'meardere sprintsjes ynset' om te skûljen foar raketoanfallen yn de buert fan Tel Aviv. Dat meldt Zonderland oan Omrop Fryslân. Hy wie yn Israel foar in trainingskamp.
© ANP
Zonderland hie net ferwachte dat it ûnrêstich wurde soe yn Israel. Hy kaam oan op 6 maaie. Al gau kaam doe it nijs oer de earste raketoanfallen.

Fêst yn Israel

"De lêste raketoanfal yn de buert fan Tel Aviv wie alwer seis jier lyn, dus neffens de lokale bevolking hoegde ik my gjin soargen te meitsjen", seit Zonderland skriftlik. Telefoanysk wol de topturner net reagearje. Hy is yntusken wer yn Nederlân.
Op it fleantúch stappe wie 'in risiko', seit Zonderland. Dêrom is er langer yn Israel bleaun. Hy mist dizze wike de World Challenge Cup yn Bulgarije.
Yn de jûn fan 12 maaie kaam der 'in flink oantal' raketten op Tel Aviv ôf, meldt Zonderland. "It wie dúdlik dat de sitewaasje slim waard. De earste dagen dêrnei gong it loftalarm alle dagen ôf, en we ha meardere kearen in sprintsje lutsen nei it skûlplak dat it tichtste by wie."
Neffens Zonderland is der fan alle raketten hast net ien op de grûn ûntploft, mar weromfleane wie wol te gefaarlik. "Ik ha besletten om in 'staakt-het-vuren' ôf te wachtsjen."

Oardel minút

It trainingsskema feroare, trochdat Zonderland fêst siet yn Israel. "Gelokkich koe ik wol fierder traine. Ik ha derfoar keazen om dat te dwaan yn in turnhal dy't tichter 'by hûs' wie."
"Reizgje is in risiko, omdat je dan net altyd binnen oardel minút in skûlplak fine kinne. En dat is de tiid dy't der is yn Tel Aviv tusken it alarm, en de raketynslach."

Risiko 'nihil'

Zonderland wie op training yn Israel omdat it waar him yn Nederlân net safolle enerzjy brocht, seit er. Hy socht 'in waarm klimaat mei in protte sinne'.
Boppedat is der neffens Zonderland yn Israel 'in moai trainingskompleks mei goeie turners'. En it risiko op in coronabesmetting neamt er 'nihil', omdat it lân foarop rint mei faksinaasjes.

Olympyske Spelen

De wedstriid yn Bulgarije wie miskien wol de lêste ynternasjonale wedstriid dy't Zonderland turnje koe, foar de Olympyske Spelen fan Tokyo. Der stiet noch in wrâldbekerwedstriid yn Doha op it programma, mar it is noch altyd net dúdlik oft dy wol troch giet.