Minsken ferdwine yn de meubelbûlevaar, ek sûnder kofje of gebak

24 maaie 2021 - 18:44

De meubelbûlevaar yn Wolvegea belibbe op Pinkstermoandei in topdei. En dat sûnder kofje mei gebak, want dy mei fanwege de coronaregels foarearst net ferkocht wurde.

Besjoch de reportaazje

Mei griis, reinich waar en sûnder konkurrinsje fan eveneminten as de Skoattermerk of de Fytsalvestêdetocht keazen tûzenen minsken foar in besite oan it Home Center.

"Piet hast goed om ús tocht, want it is hiel moai waar foar de meubelbûlevaar", seit direkteur Sikko Kapenga fan it Home Center. Oer de hiele dei luts de meubelsaak mear as 7.000 minsken.

Coronaregels

Oardel meter ôfstân is maklik oan te hâlden. In teller by de doar hâldt by hoefolle minsken der yn it gebou binne. Kapenga hantearret as útgongspunt dat eltse klant op syn minst 35 kante meter romte hawwe moat. Dat is mear as twa kear safolle romte as de RIVM-regel fan 15 kante meter.

'Met zonnig weer had ik wat anders gedaan'

De klanten yn Wolvegea komme net allinnich út Fryslân, mar ek út de buorprovinsjes Drinte, Oerisel en Flevolân.

Ferskate klanten jouwe oan dat se fanwege it minne waar foar in besite oan de meubelsaak keazen. "Ik ben hier ook om me te laten inspireren, maar met zonnig weer had ik wat anders gedaan", seit in klant út it Oeriselske Hasselt.

Omsetferlies wer goed meitsje

De meubelsaak hat de ôfrûne winter twa en in heale moanne ticht west fanwege de coronaregels. Kapenga tinkt dat hy dy ferlerne omset yn de rin fan it jier wol wer goedmeitsje sil.

"De minsken hawwe krekt fakânsjejild krigen, mar witte net oft se wol op fakânsje geane. Dan lokket fansels dat nije bankstel, seker as se al fan doel wiene om ien te keapjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)