Skrok en Skrins: in perfekte biotoop foar âlde en jonge fûgels

Yn de searje De Maittiidsswalker giet Remco de Vries del yn natuergebieten fan Fryslân. Dizze kear swalket er oer de 'Frisian mountains', sa't er se neamt.
Remco de Vries is yn de Greidhoeke.
Yn de Greidhoeke is in soad reliëf yn it lân wêrtroch't op guon plakken wetter stean bliuwe kin. Mar boppedat is it in perfekt plak foar âlde en jonge fûgels.
Der wurdt net in soad dien oan dit gebiet. Sa no en dan rint der wat fee om, en op guon plakken wurdt noch wolris wat dong dellein. Dat is mear om't de fûgels dan wat hawwe foar de nêsten. Fierders giet de natuer hjir syn gong en dat is ek de bedoeling.
Remco ûntdekt hoe ryk oft de grûn is foar fûgels en blommen
Yn it gebiet stean in protte ferskillende blommen. Dêr komme ynsekten op ôf en jonge fûgels kinne dêr goed by. Mar foar de gruttere fûgels is dit plak ek ryk oan fretten. Der sitte in soad wjirms yn de klaaigrûn. Sa is dit gebiet in perfekte biotoop foar de grutte fûgels likegoed as foar de jonge pykjes.
De Maitiidsswalker is alle moandeis te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. De earste útstjoering is om 17:15 oere, en it programma wurdt alle oeren werhelle.