Kampioensklup Twente telt fjouwer Friezen: "We prate hjir altyd Frysk"

24 maaie 2021 - 17:12

Fjouwer Fryske froulju kinne in nasjonale titel byskriuwe op it cv, no't se mei FC Twente kampioen wurden binne fan de earedifyzje. Dat wie ferskuorrende spannend.

Sjoch hjir nei de reportaazje

Om kampioen te wurden moasten de Friezinnen sels winne fan ADO Den Haag, en de nûmer twa PSV moast op besite by Ajax punten ferspylje.

It wie al frij gau dúdlik dat dat lêste barre soe, mar yn de eigen wedstriid bleaun de oerwinning lang út. Uteinlik makke Anna-Lena Stolze yn de 88e minút de 1-0 en koe it feest losbarste.

De fjouwer Friezen fan FC Twente

  • Fenna Kalma (Haskerhoarne) oanfaller;
  • Sisca Folkertsma (Sleat), middenfjilder;
  • Kerstin Casparij (It Hearrenfean) middenfjilder;
  • Lysanne van der Wal (De Jouwer) ferdigener.

"Je wist gewoon dat ie ging vallen. Dat is altijd bij ons. We hebben het goed afgedwongen", seit de 20-jierrige Casparij, nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Den Haag. Het dringt nog niet helemaal door: hoe geweldig dit is en hoe weinig mensen dit mee mogen maken. Een onbeschrijflijk gevoel."

Folkertsma wûn al twa kear earder de lânstitel, mar dizze kear wie oars. "It is foar it earst dat ik op it fjild stean as it fluitsinjaal klinkt. Ja, ik bin superbliid en ik besef it ek noch net hielendal. Is fansels it moaiste datst yn in seizoen helje kinst."

Fenna Kalma (r) yn aksje yn de kampioenswedstriid - Foto: Orange Pictures

Kalma hat mei tsien doelpunten yn njogentjin wedstriden in grut oandiel yn de titel. It is har earste priis op it heechste nivo. "Er is geen woord om het te omschrijven. Het is heel bizar. Echt fantastisch", seit de 21-jierrige oanfalster.

Blessuere

Van der Wal belibbe de wedstriid hiel oars as har kollega's. Sy moast fanwegen in blessuere fan de tribune ôf tasjen. "As ik op it fjild stean haw ik nearne lêst fan, mar as ik op dy tribune sit dan bin ik wol harstikke senuwechtich. Dan kinne je der sels neat oan dwaan. Dan is it al oars", seit de ferdigener.

Foar Van der Wal fielt it dochs wol as har titel. "Tuerlik, ik haw de earste seizoenshelte alles spile. Dus ik bin gewoan echt superbliid dat we kampioen wurden binne."

Frysk klupke

Dat der fjouwer Fryske froulju by Twente sitte, kin de oare froulju yn de seleksje net ûntgien wêze.

"Sisca en ik kenne inoar al hiel lang. Sûnt we tsien of alve binne. We hawwe ek altyd tegearre fuotballe", seit Van der Wal. "We binne hjir ek altyd tegearre en we prate altyd Frysk."

Kalma en Casparij prate gjin Frysk. Dy lêste hat doe't se ôfrûne simmer oerkaam fan SC Hearrenfean lykwols wol wat hân oan de Fryske link. "In het begin wel. Dan heb je mensen die je kent en dat is makkelijk aansluiten en aanpassen", seit de oanfalster.

'Niks is toeval'

Neffens trainer Tommy Stroot is it net samar dat Twente graach Friezinnen nei Enschede hellet. "Niks is toeval natuurlijk. Er lopen goede speelsters en bij Heerenveen wordt fantastisch werk geleverd. Jonge talentjes worden daar net als bij ons goed opgeleid", seit de trainer.

Sisca Folkertsma mei de skaal, rjochts fan har Kerstin Casparij. - Foto: Orange Pictures

"De Friese speelsters hebben alle vier een grote impact op ons team", seit de trainer. Op de fraach hokker spylster it grutste oandiel hat yn de Twintske titel is hy dúdlik: Sisca Folkertsma.

"Qua volwassenheid en qua rol in de play-offs is Sisca natuurlijk iemand die er bovenuit gestoken heeft in de laatste wedstrijden", seit Stroot.

Oranje

De kâns is grut dat bûnscoach Sarina Wiegman kommende simmer ek graach gebrûk meitsje wol fan de 'volwassenheid' fan Folkertsma op de Olympyske Spelen. Wiegman wie by de lêste wedstriid fan Twente, om Folkertsma yn aksje te sjen.

Folkertsma sels hat noch neat heard. "Ik haw gjin idee oft ik derby bin. Ik wie op dit momint foaral mei dit dwaande en we sjogge wol wat der hjirnei noch allegearre komt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)