Fakbûnen roppe opnij op ta staking by Fryske metaalbedriuwen

24 maaie 2021 - 16:20

De fakbûnen FNV en CNV roppe alle meiwurkers fan Fryske metaalbedriuwen op om it wurk del te lizzen. De bûnen wolle sa de druk op de wurkjouwers opfiere om mei in bettere cao te kommen.

Fakbûnen wolle dat minsken yn de metaalsektor it wurk dellizze:

As it oan de bûnen leit, lizze alle Friezen dy't wurkje yn de metaalsektor tiisdei it wurk del.

Der binne al sûnt jannewaris estafette-aksjes oan de gong, mar dy ha oant no ta noch gjin fertuten dien. Neffens de FNV ha de wurkjouwers al moannen neat fan har hearre litten. Wurkjouwersorganisaasje FME seit dat de bûnen te hege easken stelle, bygelyks as it giet om in heger lean.

Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts
Trefwurden: 
metaal staking CNV FNV
(Advertinsje)
(Advertinsje)