Strukturele delgong yn tal nije coronabesmettingen: Sifers dale al 10 dagen

24 maaie 2021 - 17:21

It tal nije coronabesmettingen giet yn Fryslân struktureel omleech. Al alve dagen op rige is it gemiddeld oantal nije besmettingen leger as in dei earder. It gemiddelde wurdt berekkene oer sân dagen.

Foto: ANP

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 108 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der krekt wat mear as freed. Doe wiene der 97 nije besmettingen.

Dat it gemiddelde omleech giet, wylst der no mear besmettingen konstatearre binne as in dei earder, komt trochdat der acht dagen lyn noch 120 nije besmettingen wiene. Dat getal telt no yn it gemiddelde oer de ôfrûne sân dagen net mear mei.

Dat der no minder besmettingen fûn wurde, kin neffens dokter Everhard Hofstra fan de Fryske GGD ek komme trochdat der mear minsken binne dy't selstests brûke. Dêr hat de GGD gjin sicht op. "Het is nog lastig voor ons om te weten in welke mate dat meespeelt."

Yn trochsneed binne der yn Fryslân yn de ôfrûne wike alle dagen 113 nije besmettingen konstatearre. Yn de ûndersteande grafyk is it gemiddelde tal besmettingen te sjen yn it read.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (26). Dêrnei komme de gemeenten Noardeast-Fryslân (13) en Smellingerlân (12).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne 2 persoanen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan Smellingerlân en Weststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der yn de ôfrûne 24 oren 2766 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)