Johnny Jansen: "Als ik praat over dit seizoen krijg ik pijn in mijn buik"

24 maaie 2021 - 14:01

Fuotbalklup SC Hearrenfean is yn it jubileumseizoen teloarstellend as tolfde einige. Mar ien kear earder yn 'e kluphistoarje einige de klup leger op 'e ranglist. Dat wie yn 1991, doe degradearre de ploech nei de Earste Difyzje.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Yn in ekstra lange SportCast binne wy te gast yn it Abe Lenstra stadion en sjogge wy werom op it ôfrûne jier mei haadrolspilers Johnny Jansen, Henk Veerman, Erwin Mulder en Jan Paul van Hecke.

De trainer fan Hearrenfean is net tefreden oer it seizoen: "Ik heb er echt de balen van en als ik er over praat krijg ik pijn in mijn buik. De grootste pijn zit hem in het feit dat we niet hebben laten zien wat we kunnen."

'Twaalfde eindigen is onvoldoende'

Ek doelman Erwin Mulder beskriuwt it seizoen as teloarstellend. "Met onze kwaliteiten hadden we minimaal de play-offs moeten halen. Als je als Heerenveen als twaalfde eindigt, dan is dat een onvoldoende."

Ferdigener Jan Paul van Hecke slút him dêrby oan. "26 punten uit de laatste 23 wedstrijden is Heerenveen-onwaardig. Bovendien heb ik opgezocht dat als wij achter komen, dat we dan nooit meer weten te winnen. Dat zegt dat we weinig mentale weerbaarheid hebben."

Ik zou nog graag een jaar in de eredivisie voetballen. Dat zou bij Heerenveen kunnen, want het is een mooie club.

Ferdigener Jan Paul van Hecke oer syn takomst

Van Hecke wurdt troch Hearrenfean hierd. Hy stiet ûnder kontrakt by Brighton & Hove Albion FC. De klup út de Premier League naam him ferline seizoen oer fan NAC Breda om him dêrnei gelyk wer te ferhieren oan SC Hearrenfean.

"De stap van de Keuken Kampioen Divisie naar de Premier League is gigantisch. Ik had nog maar vijftien wedstrijden bij NAC gespeeld, dus leek het mij niet verstandig om te gaan voetballen in de Championship. Zo sta ik er ook nu nog in, voor mezelf zou ik graag volgend jaar weer in de eredivisie voetballen. Dat zou ook weer bij Heerenveen kunnen zijn, want Heerenveen is een mooie club", sa seit Van Hecke.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje wy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)