Wer is it stil by tradisjonele Pinksterfiering yn Feankleaster

24 maaie 2021 - 13:22

It is rêstich yn Feankleaster dit wykein. Foar it twadde jier op rige. Op 'e nij moast der in streek set wurde troch de tradisjonele Pinksterfiering yn de bosken by Fogelsangh State. De fiering waard online dien. De lêste kear, sa is de goede hoop fan foarsitter Lieuwe Bijleveld.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Gewoanwei tilt it op pinkstermoandei op fan de minsken yn Feankleaster. It is de lokaasje fan ien fan de grutste Pinksterfieringen fan Nederlân. In wykein lang wurdt it evangeelje dêr ferkundige. Der wurdt songen en foar de bern wurde tal fan aktiviteiten organisearre. Mar troch corona is it foar it twadde jier op rige stil. De fûgels ha de bosk oernaam.

"We sjonge hjir gewoanwei kristlike lieten yn 'e bosk. En dat dogge we al sûnt 1878 yn de iepen loft. Pas fan 1973 ôf dogge wy it elk jier. En no moatte de fûgels de lof op de Hear mar sjonge. It is wol spitich dat wy sels net meidwaan kinne."

De fûgels ha it plak fan de Pinksterfiering oernaam

De fiering is dit jier wer online dien. "Wy gean der fanút dat it foar de lêste kear is. Ik mis de moeting mei de minsken. It leauwen mei inoar diele, dat persoanlike kontakt. Online kinne je in hiel soad dwaan, mar dat net. Dat moat takom jier dan mar wer."

Sjoch hjir nei de alternative fiering, dy't útstjoerd is troch RTV NOF:

(Advertinsje)
(Advertinsje)