850 fjouwerkante meter LED by Songfestival fan Frysk bedriuw: "Kan alleen maar trots zijn"

24 maaie 2021 - 12:46

"Ik kijk met een heel goed gevoel terug op afgelopen week. We hadden een fantasisch team en ik kan alleen maar trots op ze zijn." Projektmanager Ben Augenbroe fan Ljouwert wie, út namme fan it bedriuw Faber Audiovisuals út Sint-Anne, ôfrûne wike ferantwurdlik foar it grutste part fan de technyk by it songfestival yn Ahoy.

Foto: Ben Augenbroe

Hoewol't sneontejûn de finale al wie, binne Augenbroe en syn team noch in pear dagen dwaande mei it opromjen fan alle apparatuer. "We hebben intussen de eerste vier trailers met spullen uit Ahoy gehaald", seit Augenbroe tusken it wurk troch. "We moeten er nog zes doen, want in totaal zijn we met tien trailers vanuit Fryslân naar hier gereden. Ik denk dat we woensdag klaar zijn."

'Foutloze shows gehad'

It bedriuw út Sint-Anne hie 850 fjouwerkante meter LED yn Ahoy yn gebrûk, en sa'n 100 LCD-skermen yn de seal. Ek wiene se ferantwurdlik foar de oanstjoering derfan mei in groep fan tsien man. "Wij wilden heel graag als bedrijf het songfestival een keertje doen. Dat het dan ook nog in Nederland is, is natuurlijk helemaal mooi. We hebben jaren naar deze shows toegewerkt, we hebben foutloze shows gehad, dat geeft een supergevoel!"

De folgjende put stiet ek alwer op steapel. "De LED-vloer van het songfestival is alweer onderweg naar een klus in Berlijn. Ook gaat er materiaal door naar Sint-Petersburg en Rome voor het EK voetbal. Gelukkig mag ik zelf eerst even op kantoor bijkomen van het songfestival."

Ben Augenbroe oer syn put by it Songfestival

(Advertinsje)
(Advertinsje)