Turner Epke Zonderland net nei Bulgarije nei langer ferbliuw yn Israël

24 maaie 2021 - 12:13

Turner Epke Zonderland docht kommende wike net mei oan de World Challenge Cup yn Varna (Bulgarije). De rekstôkspesjalist wie foar in koart trainingskamp ôfreizge nei Israel, mar troch de ûngeregeldheden tusken Israel en de Palestinen moast hy langer bliuwe.

Foto: Orange Pictures

Dêrtroch kaam de tarieding fan Zonderland op it evenemint yn Varna yn 'e knipe. Mei troch logistike problemen, ek troch ferskate coronamaatregelen, hat hy dêrom besletten om net nei Bulgarije te gean.

"Dit betsjut dat ik myn tarieding op de Olympyske Spelen wer feroarje moat. Ek it lêste kwalifikaasjemomint foar dy Spelen, de World Cup yn Doha, stiet noch altyd net definityf op 'e planning", seit de Olympysk kampioen fan 2012. "Mar myn doel is en bliuwt Tokyo, mei of sûnder de wedstriid yn Doha."

(Advertinsje)
(Advertinsje)