Koartsluting op operaasjekeamer yn Ljouwerter sikehûs MCL

Yn it Medysk Sintrum yn Ljouwert, it MCL, is moandeitemoarn koartsluting ûntstien yn in foarskeakelapparaat foar de ferljochting op in operaasjekeamer. Neffens wurdfierder Frits Mostert falt de skea ta en kin de operaasjekeamer gewoan brûkt wurde.
© Jaring Rispens
De brânwacht wie ôfkaam op in melding fan 'smeulend materiaal' yn it plafond fan ien fan de keamers yn it sikehûs. Der waard daliks opskaald nei 'Middel Brand', mar úteinlik die bliken dat it tafoel.
Hoe't de koartsluting ûntstien is, is noch net dúdlik.