Greidefûgels profitearje fan wietere Himpensermar

24 maaie 2021 - 09:57

De Himpensermar, tusken Ljouwert en Wergea, waard as eksperimint fan 't winter ûnder wetter set. En dat pakte goed út foar de greidefûgels dêr. Sa dûke der no ynienen seis spantsjes waarlamkes (watersnip) op; in soarte dy't op de reade list stiet en mei útstjerren bedrige wurdt as briedfûgel yn Fryslân.

Greidefûgels profitearre fan wietere Himpensermar

Earder hie Fryslân grutte oersteamingsflaktes dêr't winterdeis net in soad plak wie foar rôfbisten en bygelyks mûzen. Dat is yn de Himpensermar yn it lyts wer in bytsje werom kaam, tinkt boskwachter ekology Jakob Hanenburg fan Staatsbosbeheer. "It is in hiel beskieden rekonstruksje fan in ferdwûn lânskip. Dy echo út it ferline soene je ek as in paadwizer brûke kinne rjochting in takomst wêrby't greidefûgels mear de romte krije en rôfbisten net."

Hanenburg oer wêrom't it no sa min giet: "De oarsaak leit yn it feroare lânskip. Wy hawwe it altyd mar oer predatoaren, mar de taname fan it oantal predatoaren hat deselde oarsaak as de delgong fan it tal greidefûgels. It lânskip is gewoan feroare."

Greidefûgelsnipperkes

Neffens Hanenburg hiene wy 100 jier lyn sa'n 100.000 bunder oerstreamingsflakte. Dat wiene bygelyks healannen of bûtlannen. Yn stee dêrfan binne der no in hiel soad 'greidefûgelsnipperkes' yn in lânskip dat hiel geskikt is foar in grut ferskaat oan predatoaren.

Hy ropt op om dit soarte fan lânskiplike rekonstruksjes op folle gruttere skaal út te fieren. Dogge je dat net dan ferdwine de greidefûgels úteinlik, sa foarseit Hanenburg.

De Himpensermar by Wergea - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)