Kollum: "Foarwille"

24 maaie 2021 - 08:24

"Ik hâld fan ús camperke, in oldtimer Mercedes Benz 508. Thys en ik binne beide fereale op it ding. Hurd ride we net, mar dat makket ús neat út. Wy tokkelje mei in slakkegonkje troch de Alpen. Hastich binne we net, want we binne ommers op fakânsje!

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

Op fakânsje gean mei ús buske fyn ik ien fan 'e leukste dingen dy't der bestiet. Mar miskien noch wol moaier fyn ik de foarwille.

We ha de taken goed ferdield. Ik bin ferantwurdlik foar de binnenkant en Thys foar de bûtenkant, of eins mear foar de ûnderkant. Dat betsjut dat ik soargje dat we alles mei ha: boadskippen, campingguod en gesellige dinkjes. En dat Thys foar't we op reis geane alles technysk efkes neirint en de wettertank follet. Oarsom soe eins ek net kinne, want ik ha nul technysk ferstân en Thys soe as proviand allinnich mar betinke om in blik Unox-sop mei te nimmen.

Dizze taakferdieling is top. Thús binne Thys en ik rommelkonten. Yn 'e camper binne we skytskjin en hat alles in fêst plakje. Boppe it gasstel: olive-olje, krûden en mear fan soksoarte fan dingen. Yn it kastje dêrnjonken saken foar it moarnsiten en dan it kastje mei snobbersguod en chips en sa. It is fakânsje; dan mei dat.

Fierder ha we boppe it bêd beide kastjes foar de klean. Ik fansels in kastje mear, want ik ha altyd krekt wat mear mei as Thys. Meardere kearen komt it foar dat Thys in hiel skoft in trui kwyt is. Ik ha dy dan al lang netjes yn syn kastje yn 'e camper lein. Ik soargje derfoar dat we altyd 'á la minute' fuortride kinne. It hat wolris sa west dat we thús nei it iten nei bûten seagen en tsjin mekoar seine: wat in prachtich waar, sille we de camper pakke? Op nei Zwarte Haan en genietsje fan de sinne-ûndergong. Wat in frijheid.

Us camper hat ek in húske, in porta potti. Thys en ik wolle der allebeide net ferantwurdlik foar wêze, dus we ha it sa betocht: de porta potti-regel. Wa it earst pisje moat, moat it ding leech meitsje. Thys kin it folle langer ynhâlde, dus ik bin altyd de klos.

Ik ha krekt efkes in rûntsje troch ús buske makke. Alles stiet klear; we kinne sa fuort. Hooplik kinne we dizze simmer einlings wer ris de grins oer. Rjochting de bergen. Noch efkes geduld. Mar ik sjoch it al hielendal foar my: Alle dagen sinne, mar wol ien reinige dei. Dy sit der altyd by. Hielendal net slim, want dan lizze wy lekker mei in filmpke op 'e laptop yn bêd. De rein tikket smûk op it dak fan 'e camper. It kastje mei snobbersgoud wurdt stadichoan leger. En ús hûnen Eddy en Dave lizze fredich te sliepen: Ed achter it stjoer en Dave yn 'e passazjiersstoel.

Mar der mist noch wat. De grutte fraach is; wêr moat it lytse bedsje komme?

Dit wie myn lêste kollum foar de Omrop. Graach wol ik jim tige betankje foar it harkjen. Oant sjen!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)