WEROMBLIK: Hoe't Fryslân de Alvestêdetocht fytste op pinkstermoandei

24 maaie 2021 - 07:27

Ek dit jier ûntbrekke de lange linten fytsers yn it Fryske lânskip op twadde pinksterdei. Fanwege de coronapandemy waard de Fytsalvestêdetocht ferline jier al ôfsein en wurdt der dit jier in alternatyf organisearre. Fan 't simmer kin de rûte yn ien dei fytst wurde mei in app dy't QR-koades scant as digitale stimpel. Hjir folget in tal fragminten út it telefyzje-argyf fan Omrop Fryslân, om alfêst wer yn de sfear te kommen.

Fytsalvestêdetocht - Foto: Omrop Fryslân

Pinkstermoandei 1912 wie de alderearste edysje fan de Fytsalvestêdetocht. Yn de earste jierren wie it noch in wedstriid, mar dat feroare letter yn in toertocht.

De belangstelling foar it fytsen fan de rûte fan sawat 240 kilometer waard stadichoan grutter. Sûnt 1987 meie der maksimaal 15.000 minsken meidwaan. Wa't de tocht útrydt, krijt in medalje.

Omrop Fryslân sette yn 2014 de feiten en sifers fan de fytsalvestêdetocht op in rychje:

Yn it iepen lânskip is it waar it dreechste elemint. Op pinkstermoandei 1997 foelen der moarns betiid flinke buien en in soad fytsers starten dêrom letter. Dochs wiene der net in soad dielnimmers dy't opjoegen.

Rein en lekke bannen by de edysje fan 1997:

Dielnimmers oan de Fytsalvestêdetocht komme net allinnich út Fryslân. De fytsers fan fierder wei kampearje yn it pinksterwykein op it sportkompleks yn Boalsert.

Arjen de Boer seach op de dei foar it evenemint fan 1999 op de camping yn Boalsert, dêr't de dielnimmers oernachtsje:

Neist fytst wurdt de rûte op pinkstermoandei ek stept en motorriden. En yn 1998 barde dat ek noch op kangoo's, sis mar kangoeroeskuon.

Omrop Fryslân makke yn 1998 in ympresje fan ferskate wizen fan alvestêdetochten:

Yn 2000 wie it wer in drege dei foar de dielnimmers. De hurde súdwestewyn makke dat in protte fytsers achter op skema rekken.

Op 'e kop yn 'e wyn tusken Dokkum en Starum by de tocht fan 2000:

De tocht begjint en einiget yn Boalsert, dat ek de noardlike en súdlike lus fan de rûte meiïnoar ferbynt. Om foar 12 oere nachts te finishen wurdt der moarns betiid fan fiif oere ôf al start.

Mar foar guon is dat net genôch. De Hea!-reportaazje oer de lêste fytser fan de Fytsalvestêdetocht 2012 krige letter in lanlike en in Europeeske priis foar regionale omroppen.

Wiebe Idsinga fan Frjentsjer moast yn 2012 noch in lytse 30 kilometer fytse doe't it al nei tolve oere nachts rûn:

Sjoch foar mear fytsreportaazjes oer de tocht yn it ferline op Weromrop by it tema Fytsalvestêdetocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)